Leie (rivier)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Leie (Frânsk: Lys) is in rivier yn Frankryk en België. It is in sydrivier fan de Skelde en mûnet út yn de stêd Gent. De rivier is sa 'n 200 kilometer lang en ûntspringt yn de gemeemte Lisbourg. De rivier foarmet oer 26 km de Belgysk-Frânske grins fan Armentiers oant Menen. De rivier wurdt sûnt de midsiuwen brûkt foar transport.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/9e/Leie-Lisbourg.jpg/640px-Leie-Lisbourg.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/f0/Leie_te_Kortrijk_%2804_2007%29.jpg/640px-Leie_te_Kortrijk_%2804_2007%29.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/4e/Leie%2C_Gent.jpg/640px-Leie%2C_Gent.jpg)
De boarne fan de Leie yn Lisbourg is ien fan de meast typyske foarbylden fan in artezyske boarne. It hydrografyske bekken fan de Leie beslacht mei-inoar 4727 km², dêrfan leit likernôch 2900 km² yn Frankryk en likernôch 1825 km² yn België. Fan Sint-Eloois-Fiive ôf oant Gent rint de boaiem licht skean ôf, dêrtroch ûntstiene in protte meanders.