Leslie Jordan
From Wikipedia, the free encyclopedia
Leslie Allen Jordan (Memphis, 29 april 1955 - Hollywood, 24 oktober 2022) wie in Amerikaanske akteur. Jordan makke yn 1986 syn akteardebút as Malone yn in ôflevering fan de aksjesearje The Fall Guy. Syn earste filmrol folge yn 1988, as in net by namme neamde klant yn de bar yn de komeedzje Moving. Hy wûn yn 2006 in Primetime Emmy Award foar syn gastrol as Beverly Leslie yn de komeedzjesearje Will & Grace.
Fluch de feiten
Leslie Jordan | ||
akteur | ||
Leslie Jordan (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Leslie Allen Jordan | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 29 april 1955 | |
berteplak | Memphis | |
stoarn | 24 oktober 2022 | |
stjerplak | Hollywood | |
jierren aktyf | 1986–2022 |
Slute
Jordan ferstoar op 24 oktober 2022, yn 'e aldens fan 67 jier oan 'e gefolgen fan in autoûngelok.[1]