Linda van Dyck
From Wikipedia, the free encyclopedia
Linda van Dyck, akteursnamme fan Linda Marianne de Hartogh (Amsterdam, 18 maaie 1948 - dêre, 17 desimber 2023) wie in Nederlânsk aktrise.
Linda van Dyck | ||
akteur | ||
Linda van Dyck yn de dramasearje Noodlot yn 1981 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Linda Marianne de Hartogh | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 maaie 1948 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 17 desimber 2023 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1966-2016 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl Profyl by moviemeter.nl |
Sy is in dochter fan Leo de Hartogh en Teddy Schaank. Somtiids waard hja neamd as 'Linda M. de Hartogh'. De akteur Ko van Dijk wie har styfheit. Yn de jierren '60 wie hja sjongster fan de band Boo and the Booboo's.
Van Dyck waard yn 1982 útroppen ta bêste Nederlânske filmaktrise út reden fan har rollen yn de films Twee vorstinnen en een vorst en Ademloos.
Op 7 jannewaris 2010 krige Van Dyck in keninklike ûnderskieding: Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Van Dyck waard yn 2021 troffen troch in harsenynfarkt, dêr 't se bliuwend foar in part ferlamme troch rekke [1] , Linda van Dyck ferstoar op 17 desimber 2023, yn 'e aldens fan 75 jier.[2]