From Wikipedia, the free encyclopedia
Lund is it haadplak fan de gemeente Lund yn it Sweedske lânskip Skåne en de provinsje Skåne län.
Lund | ||
Domtsjerke fan Lund | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Provinsje | Skåne lân | |
Lânskip | Skåne | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 82.800 (2010) | |
Oerflak | 25,75 km² | |
Befolkingsticht. | 3.250 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 990 | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
De webside fan de gemeente Lund (in) . |
Lund bestiet al fan sa. 990 ôf. Der binne 27 tsjerken en kleasters dêr't guon fan no museum binne. De grutste tsjerke, de domtsjerke, wijd oan Sint-Laurentius, waard yn 1123 oplevere.
Lund hat in universiteit mei 39.000 studinten[1] en in ferskaat oan museums. It iepenloftmuseum Kulturen yn it âlde part fan de stêd is der ien fan.
Lund hat in protte strjitten yn Renêssânsestyl, dy't sa gewurden litten binne.
Lund is yn 1020 stifte troch Knoet de Grutte. Fan 1104 ôf wie Lund de sit fan de aartsbiskop fan hiel Skandinaavje en Finlân. Yn 1536 waard it aartsbisdom wer opheft. Lund hat yn syn skiednis in soad te lijen hân fan krigen tusken Denemark en Sweden, mar nei 1658 bleau de stêd Sweedsk. De Universiteit fan Lund waard yn 1666 stifte.
Lund is in studintestêd en is fral ferneamd om het festival " Karneval" dat ienris yn de fjouwer jier hâlden wurdt. Dy dei mei fergelike wurde mei de Nederlânske Befrijingsdei. Minsken út de hiele provinsje reizgje dan op Lund oan. It planetarium yn de domtsjerke is ek it besjenwurdich.
Jier | Ynwennertal |
1570 | 817 |
1610 | 1 145 |
1650 | 1 535 |
1690 | 1 251 |
1730 | 1 530 |
1770 | 2 078 |
1810 | 3 100 |
1850 | 6 709 |
1890 | 15 023 |
1930 | 24 520 |
1950 | 34 039 |
1970 | 52 359 |
1995 | 71 450 |
2005 | 76 188 |
Ferienings:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.