From Wikipedia, the free encyclopedia
Maria Johanna van Everdingen (De Bilt, 22 desimber 1913 - Skearnegoutum, 30 juny 1985) wie in Nederlânsk byldhouwer.[1]
Maria van Everdingen | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maria Johanna van Everdingen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 desimber 1913 | |
berteplak | De Bilt | |
stoarn | 30 juny 1985 | |
stjerplak | Skearnegoutum | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Byldhouwer | |
streaming | Figurative keunst |
Van Everdingen krige har oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende keunsten yn Amsterdam. Se hat tenearsten keazen foar de grafyske rjochting, pas letter begûn se mei byldhouwen. Se gie nei Wenen om fierder te learen oan de Akademie Bildende Künste, mar stoppe doe't Adolf Hitler yn 1938 Eastenryk yn foel. Teffens studearre se oan de Konstfackskolan yn Stockholm en makke stúdzjereizen nei Italië, Hongarije en Roemenië. Sy eksposearre en krige opdrachten yn binnen- en bûtenlân. [2]
Yn 1958 gie Van Everdingen werom nei Nederlân, dêr't se sûnt 1965 yn Fryslân wenne hat.
Har figurative skulptueren hat se makke yn brûns en stien. Sy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners en de Nederlânske Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.