![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/4b/Gay_Head_Aquinnah_Clay_Cliffs_Lighthouse_Marthas_Vineyard_Overlook_Elizabeth_Islands.jpg/640px-Gay_Head_Aquinnah_Clay_Cliffs_Lighthouse_Marthas_Vineyard_Overlook_Elizabeth_Islands.jpg&w=640&q=50)
Martha's Vineyard
From Wikipedia, the free encyclopedia
Martha's Vineyard (útspr.: [ˈmaɹθəz ˈvɪɲəɹd], likernôch: "marzus win-jurd") is in Amerikaansk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan. It wurdt ek wol koartwei "the Vineyard" neamd. De namme betsjut letterlik "Martha har Wyngerd". Martha's Vineyard heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Massachusetts. It leit foar de súdeastkust fan dy steat, rjocht besuden it skiereilân Cape Cod. It omfettet ek it 'eilân' Chappaquiddick, dat eins in skiereilân fan Martha's Vineyard is. It eilân stiet bekend as in fakânsjeoarde foar de superriken út Boston en New York. De permaninte befolking bestiet út krapoan 21.000 minsken, mar simmerdeis, as alle fakânsjehuzen bewenne wurde, waakst it ynwennertal oan ta mear as 200.000 minsken.
Fluch de feiten
Martha's Vineyard | ||
![]() | ||
De Gay Head-kliffen en de fjoertoer fan Aquinnah. | ||
emblemen | ||
![]() | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
county | ||
haadplak | Egartown | |
grutste plak | Egartown | |
sifers | ||
ynwennertal | 20.500 (2020) | |
oerflak | 250 km² | |
befolkingstichtens | 82,4 / km² | |
kustline | 200 km | |
heechste punt | Peaked Hill (94,8 m) | |
oar | ||
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
koördinaten | 14°24′ N, 70°37′ W | |
kolonisearre | 1642 | |
offisjele webside | ||
mvy.com | ||
kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Martha's Vineyard (read) yn Massachusetts. |
Slute