From Wikipedia, the free encyclopedia
Meindert Talma (Surhústerfean, 2 novimber 1968) is popmuzikant en skriuwer, aktyf yn de Grinzer muzykwrâld. Hy is ek ôfstudearre histoarikus.
Meindert Talma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Meindert Talma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 novimber 1968 | |
berteplak | Surhústerfean | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Frysk en Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1995-no |
Talma hat oant no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa romans en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it Frysk as it Nederlânsk. Talma hie ek in Ingelsktalich siidprojekt, Tamango, wylst er mei syn krautrockband Ausputzer yn it Dútsk sjongt.[1] Syn muzikale ynfloeden binne divers. De New Wave út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek Lou Reed hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is sûnt 1997 foaroanman fan de freoneband Meindert Talma & The Negroes.
Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift De Blauwe Fedde en kollumnist foar ûnder oaren de Ljouwerter Krante dêr't syn bydragen ferskynden ûnder de titel Talma Tikt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.