Nij-Súd-Wales
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nij-Súd-Wales (Ingelsk: New South Wales) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet likernôch it noardlike twatrêde part fan it súdeasten fan it Australyske fêstelân. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Sydney. Mei 10,4% fan it nasjonaal grûngebiet is Nij-Súd-Wales in middenmoater ûnder de Australyske gewesten, mar mei in ynwennertal fan rom 7,4 miljoen (yn 2013) is it fierwei it befolkingsrykste gewest. Fan 'e totale Australyske befolking wennet 32% yn Nij-Súd-Wales, ek al is it binnenlân, of de outback, sa't men it yn Austraalje neamt, tige tin befolke.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Nij-Súd-Wales New South Wales | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Orta recens quam pura nites ("Koartby ferrize, hoe fel skynst wol net") | |
lokaasje yn Austraalje | |
algemien | |
ôfkoarting | NSW |
lân | Austraalje |
status | steat |
haadstêd | Sydney |
grutste stêd | Sydney |
sifers | |
ynwennertal | 7.439.200 (2013) |
befolkingstichtens | 9,1 / km² |
oerflak | 809.444 km² (ynkl. wetter) 800.642 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+9½ – +10 (S.T. UTC+10½ – +11) |
webside | www.nsw.gov.au |
Slute