Noardfrysk

taal / From Wikipedia, the free encyclopedia

It Noardfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.

Quick facts: ...
Noardfrysk
Eigen namme:nordfriisk, Nuurđfriisk, nuurdfresk, Noorfriisk, nordfreesk, nordfrasch, nordfräisch, noordfreesch
Sprutsen yn:Dútslân
Taalgebiet:De Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein, oan 'e Noardseekust fuort besuden de Deenske grins, en it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland) yn 'e Dútske Bocht.
Tal sprekkers:15.000 (teljier 1999)
Taalklassifikaasje:Yndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Noardwestgermaansk
        Frysk
          Noardfrysk
Dialekten:Sölring, Fering-Öömrang (ynkl. Fering en Öömrang), Hilgelânsk, Hallichfrysk, Wiiringhiirder, Böökinghiirder (ynkl. West-Mooringer en East-Mooringer), Karhiirder, Noarder-Goeshiirder, Middel-Goeshiirder, Suder-Goeshiirder
Alfabet:Latynske alfabet
Status
Offisjele status:Noardfrysk hat yn Dútslân erkenning as minderheidstaal.
Bibeloersetting:Gjin (yn 1954 kamen de Evangeeljes fan Markus en Mattéus yn it Noardfrysk út).
Taalkoades
ISO 639-1:n.f.t.
ISO 639-2:gem
ISO 639-3:frr
L%C3%A2nkaart_noardfryske_dialekten.GIF
Close

It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan 'e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr't Hüsem de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan 'e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), yn 'e midden fan 'e Dútske Bocht.

Oops something went wrong: