Noardfrysk Ynstitút
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Noardfrysk Ynstitút (Noardfrysk: Nordfriisk Instituut) is it algemiene wittenskiplik sintrum en de taalakademy fan it Noardfryske taalgebiet yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dizze organisaasje docht ûndersyk nei de taal, kultuer en skiednis fan Noard-Fryslân. Hoewol't it Noardfrysk Ynstitút him benammen dwaande hâldt mei de Noardfryske taal, skinkt it ek oandacht oan de oare taalfoarmen dy't yn Noard-Fryslân sprutsen wurde: it Nederdútsk, it Dútsk, it Deensk en it Súdjutske dialekt.
Fluch de feiten
Noardfrysk Ynstitút Nordfriisk Instituut | ||
![]() | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | NFI | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | Noardfryske taal en kultuer | |
fêstige yn | Bredstedt (Sleeswyk-Holstein) | |
off. taal | Noardfrysk, Dútsk | |
oprjochte | 1965 | |
fuortk. út | Verein Nordfriesischer Institut | |
wurknimmers | 12 (2014) | |
aktyf yn | Noard-Fryslân | |
offisjele webside | ||
www.nordfriiskinstituut.de |
Slute