Oerzon
From Wikipedia, the free encyclopedia
De oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Latynske namme: Erethizon dorsatum) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e oerzons of Noardamerikaanske beamkjifstikelbargen (Erethizon). Dit is it op ien nei grutste kjifdier yn Noard-Amearika (nei de Kanadeeske bever), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1758, troch de grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus. Hoewol't de oerzon ek fan kjifstikelbaarch neamd wurdt, krekt as de kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld, sjocht er der hiel oars út, en is er dêr mar yn 'e fierte oan besibbe.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
oerzon | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Erethizon dorsatum | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Slute