From Wikipedia, the free encyclopedia
Ossensyl[2] (Nederlânsk, offisjeel: Ossenzijl, Nedersaksysk: Ossenziel) is in doarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel.
Ossensyl | ||
Ossensyl oan it kanaal fan Stienwyk nei Ossensyl | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Stienwikerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 570 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 15,67 km² wêrfan 14,26 km² lân 1,41 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 36 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 49' N 5° 55' E | |
Offisjele webside | ||
www.ossenzijl.com | ||
Kaart | ||
Ossensyl hat 570 ynwenners (1 jannewaris 2023).
It doarp krige syn namme mooglik troch de famylje Osse, dy't yn de 15e iuw in slûs (syl) yn in sydfeart fan de Linde oanlizze liet. De slûs dy't it wetter fan de Linde mei it boezemwetter fan it Lân fan Follenhove ferbûn, wurdt sûnt 1930 net mear brûkt. In oare ferklearring is fan Hendrikus Kooij (1822-1921), in gemeente-amtner. Hy oppenearre dat de namme fan de wetternamme Oyensgrope, dy't yn in tekst fan 25 maaie 1313 neamd waard, en dy wer fan de persoanenamme Oede, Oes, Hotse komt. Ossensyl kin in ferbastering fan Oedsesile wêze.
Op it plak stie ynearsten allinnich de slûs en letter ûntstie dêr in buorskip omhinne. Ossensyl waard nei de Twadde Wrâldkriich mei in wenwyk westlik fan it farwetter nei Kalenberg.
Ossensyl leit oan de Kalenbergergrêft, dy't de Weerribben en Kalenberg middels de Linde mei de Fryske marren ferbynt. It wetter wurdt benammen brûkt troch boatsjeminsken. Benammen simmerdeis lûkt Ossensyl in soad toeristen dy't in dei nei Nasjonaal Park Weerribben-Wieden geane. Ossensyl leit yn it natoergebiet De Weerribben. Dit gebiet is al ris keazen as moaiste plak fan Nederlân.
Yn de Weerribben stiet in lytse tsjasker.
It Pleatslik Belang behertiget de belangen fan it doarp. It doarpshûs De Slinger is it doarpshûs en moetingsplak fan in soad ferienings fan it doarp.
Yn Ossensyl steane twa tsjerken. Dy fan de eardere PKN-gemeente wurdt brûkt as atelier troch byldzjend keunstner Ilja Walraven, en troch in Vrije Zendings Gemeente.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.