Oïlyske talen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Oïlyske talen of Oïlaanske talen, ek bekend as de Langues d'Oïl (Frânske útspr.: [lɔ̃ːɡˈdoil], likernôch: "lônk-dwyl"), foarmje in subgroep fan 'e Gallo-Romaanske talen, dy't sels in taalgroep fan 'e Westromaanske kloft fan 'e Romaanske talen binne. De Oïlyske talen wurde ek gauris beskôge as dialekten fan it Frânsk. Se foarmje in taalkontinuum yn Noardwest-Jeropa dat rûchwei Walloanje en de noardlike helte fan Frankryk beslacht. Bekende Oïlyske talen binne it Frânsk, it Normandysk en it Waalsk. It Frânsk, dat yn 2014 77 miljoen sprekkers hie, hat sûnt it begjin fan 'e njoggentjinde iuw alle oare Oïlyske talen fierhinne ferkrongen. Ferskaten fan 'e talen ferkeare anno 2021 op it rântsje fan it útstjerren.
Fluch de feiten
Oïlyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Oïlaanske talen | |
lokaasje | Noardwest-Jeropa | |
tal talen | ±3-12 | |
tal sprekkers | ±79 miljoen (2014) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Westromaansk ● Gallo-Romaansk ● Oïlysk | |
subgroepen | ● Boergondo-Romaansk ● Franko-Romaansk ● Gallo-Anzjevynsk ● Poitevynsk-Sêntongeesk |
Slute