Paapke
From Wikipedia, the free encyclopedia
It paapke (Saxicola rubetra) is in lytse sjongfûgel, dy't eartiids yndield wie by de lysterfûgels, Turdidae. Neffens nije opfettings heart de fûgel ta de ûnderfamylje fan de Saxicolinae (paapkefûgels) en de famylje fan de miggesnappers (fan de Alde Wrâld), Muscicapidae. It paapke is nau besibbe oan de readboarstfitop (Saxicola torquata) dêr't er ek in soad op liket.
De wittenskiplike namme fan it paapke betsjut 'readeftige bewenner fan rotsen'. It is in kompakt boud fûgeltsje mei brune streekjes, in ljochte boarst en in koarte sturt. It mantsje is wat sprekkender tekene en hat in readich boarst. Mantsje en wyfke hawwe beide in dúdlike eachstreek. Paapkes komme yn it briedseizoen yn suver hiel Europa foar. It is in typyske Europeeske soarte, mei't 95 % fan alle paapkes yn de wrâld dêr foar komme. Hy oerwinterret yn Afrika.
paapke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Saxicola rubetra | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |