Paul Richer
From Wikipedia, the free encyclopedia
Paul Richer (Chartres 17 jannewaris 1849 - 17 desimber 1933) wie in Frânske arts en keunstner. Hy wie learaar artistike anatomy oan de École des Beaux-Arts yn Parys en fan 1898 ôf lid fan de Frânske nasjonale artse-organisaasje, de Académie nationale de médecine.
Richer tsjinne by Jean-Martin Charcot yn it Hôpital de la Salpêtrière en fan 1882 oant 1896 wie er haad fan it laboratoarium dêre. Hy makke in protte keunstwurken mei in protte omtinken foar de anatomy. Teffens hie er in grutte interesse yn motoryk. Sa makke er stúdzje fan de lichemshâlding fan parkinsonpasjinten.
Neffens Richer bestie it lichem út segminten. Hy ûnderskate der fjouwer: holle, hals, romp en skonken. Tuskenyn sieten knieren.