![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/02/Holy_Rosary_Catholic_Church_at_Red_Cloud_Indian_School.jpg/640px-Holy_Rosary_Catholic_Church_at_Red_Cloud_Indian_School.jpg&w=640&q=50)
Pine Ridge (Súd-Dakota)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pine Ridge [pa:in ɹɪʤ] (Lakota: Wazíbló; útspr.: [wa'zi:blo:]) is it grutste plak fan Oglala Lakota County (foarhinne Shannon County), yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Hot Springs), is it wol it haadplak fan it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation), fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Pine Ridge doe justjes boppe de 3.300 minsken.
Fluch de feiten
Pine Ridge | ||
![]() | ||
De roomske Tsjerke fan 'e Hillige Roazekrâns. | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.308 (2010) | |
Oerflak | 8,1 km² (ynkl. wetter) 7,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 418,7 / km² | |
Hichte | 988 m | |
Oar | ||
Stifting | 1868 | |
Tiidsône | UTC -7 | |
Simmertiid | UTC -6 | |
Koördinaten | 43°01′32″N 102°33′23″W | |
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Pine Ridge yn Shannon County en yn de steat Súd-Dakota. |
Slute