From Wikipedia, the free encyclopedia
Plan Noard is in wyk yn de Fryske stêd Boalsert. De wyk wurdt rûchwei begrinzge troch de Twibaksdyk yn it westen en it noardwesten, de Keapman Heereswei yn it noarden, de Ljouwerter Feart yn it easten, de stedsgrêft yn it súdeasten en de Wytmarsumer Feart yn it suden.
Plan Noard | ||
Lokaasje fan Plan Noard yn Boalsert | ||
polityk | ||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Stêd | Boalsert | |
sifers | ||
ynwennertal | 1.890 (2022)[1] | |
oerflak | 0,69 km² (0,66 km² lân, 0,03 km² wetter) | |
befolkingstichtens | 2.864 ynw./km² |
Yn it súdwesten fan 'e wyk is it Yndustrypark fêstige. Oan de noardeastkant is bedriuweterrein De Klokslach. It wenpart bestiet út twa dielen: Noard I en Noard II. Dy twa dielen wurde skaat troch de Gysbert Japicxleane. Diel I is it noardlike part en waard fuort nei de Twadde Wrâldkriich oant en mei de ein fan de 1950-er jierren boud. Dy buert waard rom opset en hat in soad griene stripen. De wyk hat in rjochthoekich strjittepatroan mei rychjewenten. Op de griene stripen is in soad boartersromte foar de bern makke.
Noard II waard yn de 1960-er jierren boud en is op deselde manier opset as Noard I. Dit part hat ek in soad grienromte oan 'e rânen fan 'e wyk. Oan 'e râne oan 'e Twibaksdyk steane 4 flats, it senioarekompleks Blaupoarte State en It Heechhout.
De wyk hat syn eigen buertferiening: Plan Noord II.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.