Provinsjale Steaten fan Fryslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dizze side giet oer de Provinsjale Steaten fan Fryslân, sjoch foar it haadartikel oer de Provinsjale Steaten: Provinsjale Steaten.
De Provinsjale Steaten fan Fryslân foarmje de folksfertsjintwurdigers fan de provinsje Fryslân. Dy folksfertsjinwurdiging is fêstige in it Provinsjehûs yn Ljouwert. Ek de oare provinsjes fan Nederlân hawwe sa’n folksried.
De haadtaak fan de Steaten is it kontrolearjen fan de Deputearre Steaten fan Fryslân, dy't it deistich bestjoer fan de provinsje yn hannen hawwe.
De foarsitter fan de Steaten is de Kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Sûnt 1 maart 2017 is dat Arno Brok.