Qumran
From Wikipedia, the free encyclopedia
Qumran (Hebriuwsk: חירבת קומראן, Arabysk: خربة قمران - Khirbet Qumran) is eardere delsetting en archeologysk fynplak yn it Westjordaanlân, beheart troch Nasjonaal Park Qumran, yn Israel. It leit op in skrousk plato, in lytse twa kilometer fan de noarwest igge fan de Deade See, by de kibbûts Kalya. De delsetting ûntstie yn it Hellenistysk tiidrek (om 800 f.Kr. hinne) ûnder it regear fan Jan Hyrkanus, of in bytsje letter, en waard meastentiids bewenne oant it ferneatige waard troch it Romeinske Legio X Fretensis yn 68 n.Kr. by de Joadske Opstân (66–70) tsjin Rome.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/52/Kumr%C3%A1n_mapa.jpg/220px-Kumr%C3%A1n_mapa.jpg)
It plak is bekend fan de Qumrangrotten dêr't de Deade Seerôlen ferstoppe waarden. De earste opgravingen yn Qumran waarden útfierd troch Roland de Vaux yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw; letter waard mear ûndersyk op dat plak dien.
Sûnt ein 80-er jierren ûntjoech Qumran him ta in toeristyske trekplaster.[1]
- De ruïnes fan Qumran
- In grot by Qumrand