Raleftigen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De raleftigen (wittenskiplike namme: Ralli) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes). Ta dizze taksonomyske groep hearre mear as 150 soarten fûgels, wêrfan't de bekendste de merkel (Fulica atra) en it reidhintsje (Gallinula chloropus) binne. Raleftigen komme op alle wrâlddielen foar, útsein Antarktika. Se hawwe har oanpast oan alle biotopen behalven woastinen, de poalstreken en it diel fan heechberchtmen boppe de sniegrins.
Fluch de feiten
Raleftigen | ||
In swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | kraanfûgeleftigen (Gruiformes) | |
ûnderskift: | raleftigen (Ralli) | |
Reichenbach, 1854 | ||
Slute