Schalkhaar is in doarp yn Sallân yn de gemeente Dimter, provinsje Oerisel. Schalkhaar hie 4610 ynwenners op 1 jannewaris 2006.

Fluch de feiten
Schalkhaar
Thumb
Katolike tsjerke (2013)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dimter
Sifers
Ynwennertal5.925 (2023) [1]
Oerflak18,49 km²
dêrfan lân: 18,32 km²
dêrfan wetter: 0,17 km²
Befolkingsticht.320 ynw./km²
Oar
FerkearsierenN348, N766
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 16' NB, 6° 12' EL
Kaart
Thumb
Schalkhaar
Slute

It doarp leit ten noardeasten fan de stêd Dimter en is sterk rjochte op dy stêd. Troch útwreidings fan de stêd wurdt Schalkhaar oan de west-, súd- en eastside omringe troch Dimter. oare plakken yn de omjouwing binne Colmschate, Diepenveen, Heeten, Lettele en Okkenbroek. It doarp ûntstie nei 1810, om de doe boude roomske tsjerke yn it buorskip Riele. De namme Schalkhaar krige it doarp pas yn de earste helte fan de tweintichste iuw.

Sûnt 1953, doe't it midsiuwske genedebyld fan Us Leaffrou fan Frieswijck in plak krige yn de tsjerke, is Schalkhaar in Marijebeafeartsoarde.

Schalkhaar wie yn Nederlân bekend as legerplak. Yn de Westenberg Kazerne siet yn de Twadde Wrâldoarloch it Plysje Opliedings Bataljon Schalkhaar, oprjochte yn july 1941. Hjir waarden Nederlânske plysjemannen ûnder Dútsk tafersjoch oplaat yn de ideology fan de SS. Nei de oarloch waard de kazerne troch de Keninklike Lânmacht yn gebrûk nomd. Benammen it 13e pânserynfantery bataljon, Garde Fusiliers “Prinses Irene” (GFPI) hat de kazerne lang brûkt.
Begjin jierren '90 hat de Westenberg Kazerne in oare bestimming krigen. It waard eigendom fan it Sintraal Orgaan Opfang Asylsikers. Earst wie it in Opfang en Undersykssintrum foar asylsiers. Letter in Asylsikerssintrum. Yn 2005 waard dit omsetten ta in weromgeanlokaasje foar ôfwiisde asylsikers en yn 2008 waard dit feroare yn in Oriïntaasje- en Ynboargerings Sintrum (O&I).

Oant in gemeentlike weryndieling fan 1999 makke Schalkhaar diel út fan de gemeente Diepenveen.[2]

Nikolaastsjerke

De trijebeukige neogoatyske pseudobasilyk (in tsjerke mei in heger middenskip, mar sûnder ljochtbeuk) hat in toer oan de eastside mei ynsnoerde spits. De tsjerke is in ûntwerp fan arsjitekt Gerard te Riele en dateart út 1895. De tsjerke is om 1920 hinne útwreide mei in dwerskoar oan de westside. Yn 2005 is de Nikolaastsjerke restaurearre wêrby't benammen it preesterkoar feroare waard yn in romte mei in mear funksjonele foar bygelyks konserten. De Fredeskapel mei it genedebyld is boud oan de Nikolaastsjerke.

Berne yn Schalkhaar

  • Aloys Oosterwijk (25 juny 1956), striptekener
  • Jan van Dijk (10 desimber 1956), fuotballer en fuotbalcoach
  • Henk Veldmate (21 jannewaris 1957), fuotballer en fuotbalbestjoerder
  • Steven van Groningen (29 desimber 1957), roeier
  • Jan van Oosterom (29 oktober 1972), maratonrider
  • Nicòle Berendsen (23 april 1973), sjongster en aktrise

Underwis

Basisûnderwiis:

  • Iepenbiere basisskoalle De Sleutel, skoalle foar Daltonûnderwiis
  • Roomsk-katolike basisskoalle Nicolaas

Kultuer

Yn it doarp sit in fêstiging fan de Iepenbiere Bibleteek Dimter. Der steane meardere bylden yn de iepenbiere romte, wêrûnder it Wilhelminamonumint.

Sport

Schalkhaar hat as sportfasiliteiten:

Mear ynformaasje Sport, Namme ...
Sport Namme
Badminton SVS Schalkhaar
Gymnastyk/Jazz SVS Schalkhaar
Handbal sv Schalkhaar
Honk- en Softbalferiening De Eagles
Judo Schalkhaar
Reedryd- en- en Skeelerclub In Beweging
Sjitsport sv Prins Maurits
Tennis TC Park Braband
Fuotbal sv Schalkhaar
Follybal SVS Schalkhaar
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.