Sebastopol
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sebastopol (Russysk & Oekraynsk: Севастополь, Sevastopol; Krimtataarsk: Aqyar) is in federale stêd fan de Russyske Federaasje op de Krim oan de Swarte See.
Sebastopol
Севастополь | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Federale stêd |
lân | Ruslân (de facto) Oekraïne (de jure) |
federaal distrikt | Federale stêd |
ekonomyske regio | Súd |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (81%), Oekraïners (14,2%) |
sifers | |
ynwennertal | 522.057 (2022) |
oerflak | 1079,6 km² wêrfan lân: 863,6 km² wêrfan wetter: 216 km² |
befolkingstichtens | 604,51 ynw./km² |
oar | |
stifting | 1783 |
tiidsône | UTC+3; MSK |
koördinaten | 44° 36' N 33° 32' E |
webside | council.gov.ru |
Nei in referindum, weryn't de yn mearderheid Russyske befolking foar oansluting keas by Ruslân, waard iensidich keazen foar in brek mei de Oekraïne. Sebastopol waard ûnderdiel fan de Ryssyske Federaasje en krige de status fan federale stêd, in status dy't dield wurdt mei Moskou en Sint-Petersburch. Oekraïne en de ynternasjonale mienskip erkenne de anneksaasje fan de Krim troch Ruslân net.
Sebastopol stiet los fan de Republyk fan de Krim. Beide binne neffens de Russyske bestjoerlike yndieling ûnderdiel fan it Federaal Distrikt Súd. Ek ûnder Oekraynsk bestjoer hie de stêd in aparte status.