Sikorsky Ilya Moeromets
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sikorsky Ilya Muromets (Russysk: Сикорский Илья Муромец) (Sikorsky S-22, S-23, S-24, S-25, S-26 en S-27) wiene in klasse Russyske grutte ferkearsfleantugen en swiere bommesmiters mei fjouwer motors fan foar de Earste Wrâldoarloch dy't yn dy oarloch ynset waarden troch it Russyske keizerryk.[1] de searje wie neamd nei Ilya Moeromets, in held út de Slavyske mytology.[2] en basearre op de Russky Vityaz of Le Grand, it earste fleantúch mei fjouwer motors yn de wrâld, ûntwurpen troch Igor Sikorsky.[3] De Ilya Moeromets wie yn 1913 in revolúsjonêr ûntwerp, ornearre foar kommersjeel gebrûk mei syn romme romp dy't plak hie foar in passazjiersferbliuw, sliepgelegenheid en in waskgelegenheid, allegear ferwaarme en mei elektrysk ljocht. [4] Under de Earste Wrâldoarloch wie it de earste bommesmiter mei fjouwer motor dêr't in spesjale strategyske bombardearienheid mei útrist waard.[5] Dizze swiere bommesmiter hie syn gelikense net yn de iere stadia fan de oarloch, mei't de Sintrale mogendheden earst folle letter tastellen krigen dy't it opnimme koene tsjin de Ylja Moeromets.[6] De Zeppelin-Staaken R.VI fan 1916-17 wie de iennichste fan alle Dútske Riesenflugzeug-ûntwerpen dêr't in beskieden 18 fan produsearre waarden ûnder de Earste Wrâldoarloch.
Sikorsky Ylja Moeromets | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleantuch, swiere bommesmiter |
Makker | Russo Balt |
Untwerper | Igor Sikorsky (haadyngenieur) |
Earste flecht | Desimber 1913 |
Yn tsjinst | 1913 |
Ut tsjinst | 1922?23 |
Tal makke | 85+ (1913-1917) |
Brûkers | Keizerlik Ruslân, Sowjet-Uny, Poalen, Ukraïne |
Untwikkele út | Sikorsky Russky Vityaz |
Mei dit type fleantúch waarden ferskate rekords brutsen yn kategoryen lykas draachfermogen, tal passazjiers, fleanôfstân en fleanhichte.