Stedhûs fan Dokkum
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Stedhûs fan Dokkum is in stedhûs en ryksmonumint yn de stêd Dokkum. It is boud yn 1610. Tsjintwurdich wurdt der net mear fergadere yn de boargemaster- en de wethâlderskeamer, har kantoaren binne der lykwols noch. De gearkomsten wurde no hâlden yn de, mei in brêge ferbûnne, gebouwen oan de Koningsstrjitte . It stedhûs wie fan 1984 oant 2018 it gemeentehûs fan Dongeradiel. Tsjintwurdich is dat it gemeentehûs fan de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.
Op 3 septimber 1607 besleat it stedsbestjoer fan Dokkum ta de bou fan it stedhûs. It Mockemahûs, boud troch mitseler en stienhouwer Jacob Lous út Harns moast yngeand ferboud wurde ta stedhûs. It stedhûs dat tusken 1607 en 1610 ferriisde, waard asymmetrysk. Net krekt yn de midden, mar krekt dernjonken kaam de yngong. De grutte gevelstien waard makke fan natuerstien. Boppe-op de toer stie in achtkante lantearnespits en in wynwizer yn de foarm fan in skip. Yn 1717 waard dizze ferfongen troch in gruttere. Sadwaande kaam der romte foar in klokkekoepel. It gebou wie yn maniëristyske styl. Dizze styl is no allinnich noch te finen yn de Griene keamer mei in skou. Op tongersdei 29 novimber 1610 waard it stedhûs yn gebrûk nomd.