Tacoma (Washington)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tacoma (klam op it twadde wurdlid) is de trêde stêd fan 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington (nei Seattle en Spokane) en it haadplak fan it omlizzende Pierce County. It is in havenstêd, en yn 'e krite om 'e Puget Sound (in seeëarm) hinne, is it nei Seattle de twadde stêd. It is fierders it kommersjeel hert fan it Súdsound-gebiet. Tacoma leit likernôch 51 km súdwestlik fan Seattle en 93 km noardwestlik fan it Nasjonaal Park Mount Rainier; foto's fan Tacoma hawwe gauris de ymposante berch de Mount Rainier op 'e eftergrûn. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Tacoma doe goed 200.000 ynwenners; it heart ta deselde stêdekloft dêr't ek Seattle ta rekkene wurdt, mei in totale befolking fan 3,9 miljoen minsken.
Fluch de feiten
Tacoma | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Pierce County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 202.010 (2012) | |
Oerflak | 161,5 km² (ynkl. wetter) 128,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.540,7 / km² | |
Stêdekloft | Seattle | |
Hichte | 74 m | |
Oar | ||
Stifting | 1864 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 47°14′29″N 122°27′34″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityoftacoma.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Tacoma yn Pierce County en yn 'e steat Washington. |
Slute