Hertz (ienheid)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De hertz (symboal: Hz, gjin meartal) is de SI-ienheid fan frekwinsje. De hertz wurdt brûkt by periodike (him werheljende) ferskynsels. 1 Hz komt dêrby oerien mei in perioade fan 1 sekonde. Soe immen geregeld, ienkear yn de sekonde, op in tafel tikje, dan hat dat tikjen in frekwinsje fan 1 Hz. Tikket de persoan flugger, bygelyks twa kear yn de sekonde (de perioade is dan 0,5 s), dan is de frekwinsje 2 Hz. Yn SI-basisienheden útdrukt komt de Hz oerien mei s-¹.
De hertz wurdt faak útdrukt yn mearfâlden mei ien fan de offisjele SI-prefiksen: kilohertz (1 kHz = 103 Hz), megahertz (1 MHz = 106 Hz), gigahertz (1 GHz = 109 Hz), tearahertz (1 THz = 1012 Hz), petahertz (1 PHz = 1015 Hz), eksahertz (1 EHz = 1018 Hz), en settahertz (1 ZHz = 1021 Hz). Tink om it krekte brûken fan de haadletters, want dit wurdt faak ferkeard dien.