Terheijl
From Wikipedia, the free encyclopedia
Terheijl (ek: Ter Heijl) is in buorskip yn de gemeente Noardenfjild yn provinsje Drinte. Terheijl leit besuden it doarp Nietap dêr't er formeel ek ta heart.
Yn de 15e iuw wie Terheijl yn it besit fan it kleaster fan Aduard, dat dêr in úthof en in stienbakkerij hie. Yn 1490 stichte abt Wolter fan it kleaster Aduard by de úthof in kapel op in plak dat bekend stie as "De Helle", troch him It Paradys neamd.[1] Terheijl krige hjirtroch syn namme De Helle. De úthof waard dêrnei troch abt Godefridus ferboud ta slot, de lettere havezate, dy't Terheijl neamd waard. De namme waard yn it ferline ferkeward begrepen as: ter Helle, dus: yn de hel. Dit kin ferklearje dat in by it buorskip lizzend marke (in pingoruïne) de naam Faaiefjoer krige. De namme helle betsjut lykwols leechte, poel of helling.