De Fagina Monologen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fagina Monologen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Vagina Monologues, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Eve Ensler (1953). It is in episoadysk stik fan feministyske synjatuer dat giet oer it frou-wêzen, hoe't froulju seks belibje, hoe't froulju mei harren fagina omgean en sa mear. The Vagina Monologues waard foar it earst opfierd yn it Westside Theatre yn New York, yn 1996. It is ûnderwilens yn 140 lannen op 'e planken brocht en oerset yn likernôch 50 talen. De Fryske fertaling fan Agatha Hijlkema-Jorna datearret fan 2006.
Fluch de feiten
De Fagina Monologen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Vagina Monologues | |
auteur | Eve Ensler | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | episoadyske monolooch | |
skreaun | 1996 | |
1e opfiering | 1996, New York | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Fagina Monologen | |
publikaasje | 2006, Grins/Ljouwert | |
útjouwer | Uitgeverij kleine Uil Toanielgroep Sater | |
oersetter | Agatha Hijlkema-Jorna | |
ISBN oers. | 9 07 74 87 379 |
Slute