![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/a/ae/Flag_of_the_Torres_Strait_Islanders.png/640px-Flag_of_the_Torres_Strait_Islanders.png&w=640&q=50)
Torresstrjitte-eilannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Torresstrjitte-eilannen (Ingelsk: Torres Strait Islands) foarmje in tropyske arsjipel yn 'e Torresstrjitte, de see-ingte tusken it wrâlddiel Austraalje en it eilân Nij-Guineä. De teminsten 274 eilannen beslaan in lânoerflak fan 566 km², en hiene yn 2001 in befolking fan krapoan 8.100 minsken. De lânseigen befolking is fan Melanezysk komôf, en der bestiet in sterke ûnôfhinklikensbeweging op 'e eilannen. Bestjoerlik hearre de Torresstrjitte-eilannen ta de Australyske steat Queenslân, al hawwe se sûnt 1994 in beskate foarm fan selsbestjoer yn 'e foarm fan 'e Regionale Autoriteit fan de Torresstrjitte (Torres Strait Regional Authority).
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Torresstrjitte-eilannen Torres Strait Islands | |
---|---|
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
(gjin biedwurd) | |
geografyske lokaasje | |
![]() | |
algemien | |
gebietsdiel fan | ![]() ● ![]() |
pol. status | territoarium ûnder steatsbestjoer |
haadstêd | Thursday Island |
offisjele taal | Ingelsk en Torresstrjittekreoalsk |
sifers | |
ynwennertal | 8.089 (2001) |
befolkingstichtens | 14,3 / km² |
oerflak | 566 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Australyske dollar (AUD) |
tiidsône | UTC+10 (gjin S.T.) |
tillefoan | +61 |
ynternetekstinsje | .au |
webside | www.tsra.gov.au |
Slute