From Wikipedia, the free encyclopedia
It Us Heit of Pater Noster is in kristlik gebed rjochte oan God. It is in fan de bekendste gebeden yn de Tsjerke.
Neffens it evangeelje hat Jezus Kristus it sels oan syn oanhingers leard. Yn de Bibel is it gebed te finen yn Matteus 6:9-13 en - in wat koartere ferzje - yn Lukas 11:2-4. Sommige hânskriften fan Lukas binne wat langer, blykber útferbrede oan de hân fan Matteus (sjoch de fuotnoat yn de NBV). De hjirúnder steande werjeften geane út fan de langere ferzje.
Neffens rabbyn Aron Mendes Chumaceiro falt út de ynhâld de Joadske oarsprong fan it Us Heit op te meitsjen. It earste fers is gedieltlik Jesaja 63:15-16 en Ezechiël 36:23 en 38:23, it twadde fers Obadja 1:21 en 1 Samuël 3:18, it tredde fers út Spreuken 30:8, en it fjirde fers út Sirach 28:2. It fers "en lit ús net yn fersiking komme" stiet net yn it Alde Testamint. "Ferlos ús fan 'e kweade" komt út Psalm 119:133. It slot is wurdlik út 1 Kroniken 29:11.[1]
De âldste teksten fan it Us Heit dy binne oerlevere, binne yn it Koinè-Gryksk.
Yn it Us Heit, so as gebrûkt troch de protestanten, komme elke trije de ûnderdielen fan in gebed werom, yn de katolike ferzje binne de ferskillen: 'bekoaring' yn pleats fan 'fersiking' en 'kweade' ynstee fan 'koarthakke':
De slotwurden Want jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheid oant yn ivichheid ûntbrekke yn de âldste hânskriften fan it evangeelje fan Matteus.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.