Wind River (film út 2017)
film út 2017 fan Taylor Sheridan / From Wikipedia, the free encyclopedia
Wind River is in Amerikaansk-Britsk-Frânske neo-western en detektivefilm út 2017, dy't ek foar in skriller trochgean kin. De rezjy waard dien troch Taylor Sheridan, dy't ek sels it senario skreau. De haadrollen waarden spile troch Jeremy Renner en Elizabeth Olsen, as in spoarsiker en jager fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service en in spesjaal aginte fan 'e FBI, dy't tegearre in moard- en ferkrêftingssaak yn it Wind River Yndianereservaat yn Wyoming besykje op te lossen. Sheridan skreau nei eigen sizzen it senario mei as doel om 'e kwestje fan it grutte tal fermiste en fermoarde lânseigen froulju yn Noard-Amearika ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen. Wind River waard yn jannewaris 2017 fertoand op it Sundance Filmfestival en gie yn augustus fan dat jier yn premiêre yn 'e bioskopen. De film krige oer it algemien positive kritiken en wie in kommersjeel súkses.
Wind River | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Taylor Sheridan | |
produsint | Matthew George Basil Iwanyk Peter Berg Wayne L. Rogers Elizabeth A. Bell | |
útfierend produsint | Erica Lee Jonathan Fuhrman Braden Aftergood Christopher H. Warner Bob Weinstein Harvey Weinstein en oaren | |
senario | Taylor Sheridan | |
kamerarezjy | Ben Richardson | |
muzyk | Nick Cave Warren Ellis | |
filmstudio | Acacia Entertainment Savvy Media Holdings Thunder Road Films Film 44 | |
distribúsje | The Weinstein Company (oant okt. 2017) Lionsgate Films (fanôf okt. 2017) | |
spilers | ||
haadrollen | Jeremy Renner Elizabeth Olsen | |
byrollen | Graham Greene Kelsey Chow Apesanahkwat Julia Jones Gil Birmingham Jon Bernthal | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Frankryk | |
premiêre | 4 augustus 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | neo-western, skriller, detektivefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 107 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $11 miljoen | |
opbringst | $47 miljoen |