![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/7/74/Wounded_Knee_96.jpg/640px-Wounded_Knee_96.jpg&w=640&q=50)
Wounded Knee (Súd-Dakota)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Wounded Knee (útspr.: ['wu:ndɪd ni:], likernôch: "wûûn-did nii", "Ferwûne Knibbel"; Lakota: Čaŋkpé Opí; útspr.: [ʧãk'pe: o'pi:]) is in plak yn Oglala County, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It leit binnen de grinzen fan it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation), fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 bedroech it ynwennertal fan Wounded Knee doe likernôch 380 minsken. It plakje is ferneamd nei de Wounded Knee Creek, in beek dy't troch de krite streamt.
Fluch de feiten
Wounded Knee | ||
![]() | ||
It monumint foar it Bloedbad fan Wounded Knee. | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 382 (2010) | |
Oerflak | 2,8 km² (ynkl. wetter) 2,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 136,4 / km² | |
Hichte | 986 m | |
Oar | ||
Stifting | >1890 | |
Tiidsône | UTC -7 | |
Simmertiid | UTC -6 | |
Koördinaten | 43°08′38″N 102°22′04″W | |
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Wounded Knee yn Oglala Lakota County (foarh. Shannon County) en yn 'e steat Súd-Dakota. |
Slute