Tiidsônes yn de Feriene Steaten

From Wikipedia, the free encyclopedia

Tiidsônes yn de Feriene Steaten
Remove ads

Om't it lân sa grut is, besteane der ferskate tiidsônes yn de Feriene Steaten. Under de Amerikaanske wet is it lân yndield yn njoggen standerttiidsônes dy't sawol alle Amerikaanske steaten as de oerseeske territoaria beslane. It meastepart fan 'e Feriene Steaten hat dêrnjonken ek noch ferskillende simmertiidsônes. De grinzen tusken de ûnderskate tiidsônes en it neilibjen fan 'e simmertiid wurdt regulearre troch it Amerikaanske Ministearje fan Transport. Offisjele en tige sekuere klokken binne yn gebrûk by twa Amerikaanske federale oerheidsynstânsjes, it Nasjonaal Ynstitút foar Standerdisaasje en Technology (NIST), dat in ûnderdiel is fan it Amerikaanske Ministearje fan Hannel, en it Amerikaanske Marine-Observatoarium (USNO), in ûnderdiel fan 'e Amerikaanske Marine, dy't ûnder it Ministearje fan Definsje ressortearret. De klokken fan dy beide organisaasjes wurde oanhâldend syngronisearre, sawol mei inoar as mei klokken fan ynternasjonale tiidbewekkingsautoriteiten.

Thumb
In lânkaart fan 'e Feriene Steaten mei dêrop oanjûn de ferskillende tiidsônes (sitewaasje út 2006/2007; neitiid binne ferskate countys fan Indiana oerstapt fan Sintrale Tiid nei Eastlike Tiid).
Remove ads

Tiidsônes

Mear ynformaasje gebiet, UTC ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads