Anguilla

eilân From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Anguilla is in Britsk oerseesk territoarium dat bestiet út in grut eilân (Angila) en ferskate ûnbewenne eilantsjes lykas Dog Island en Prickly Pear Island. It leit 7 kilometer benoarden Sint Maarten, wêrmei't it yn de prehistoarje ien eilân foarme hat.[1]

It eilân stiet bekend as in eksklusive bestimming. Hotelkeatlings dy’t aktyf binne op it eilân, hearre oer it generaal ta it hegere segmint. Benammen de strannen Shoal Bay en Meads Bay hearre ta de bekendere strannen yn de Karibyske regio.

Hoewol’t der sûnt in skoft in partikulier finansierde fleanrûte út de Feriene Steaten bestiet, giet it measte ferkear nei it eilân fia de haven fan Marigot yn Frânsk-Sint-Marten en fia de twa fleanfjilden op Sint-Marten. Dei-ekskurzjes nei Anguilla mei sylboaten fanôf Sint-Marten binne ek populêr.[2]

Eartiids foarmde Anguilla ien Britske koloanje mei Sint-Kits en Nevis. Dy beide eilannen waarden ûnôfhinklik, wylst Anguilla nei in koarte ûnôfhinklikensbeweging ûnder lieding fan Ronald Webster de bannen mei it Feriene Keninkryk krekt oanhelle. Troch de koarte ôfstân mei Sint-Marten binne skiednis en famyljes fan beide eilannen faak mei-inoar ferweve.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads