Blankenrath
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Blankenrath is in plak yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Blankenrath is ûnderdiel fan it gemeenteferbân Zell.
Remove ads
Skiednis
It doarp ûntstie yn 'e 9e of 10e iuw út trije buorskippen of pleatsen: Metzenhof, Geiershof en Rumershof. Troch de iuwen foel it gebiet ûnder ferskillende machthawwers, ûnder oaren it aartsbisdom Trier en de greven fan Sponheim en Beilstein. It doarp baarnde yn 1690 yn 'e tiid fan 'e Njoggenjierrige Kriich (1688–1697) ôf doe't Frânsen yn 'e Eifel, Hunsrück en it Mûzelgebiet hûsholden. Mar trije pleatsen oan 'e râne fan it doarp bleaune sparre. Tusken 1794 oant 1814 stie Blankenrath ûnder Frânsk bewâld, dêrnei waard it part fan Prusen. Sûnt 1970 heart it by de ferbânsgemeente Zell.
Remove ads
It besjen wurdich
It doarp hat in opfallende roomske oan 'e himelfeart fan Marije wijde tsjerke. De toer is 33 meter heech en komt út likernôch it jier 1400. It tsjerkeskip is 18e-iuwsk. Dêrnjonken hat Blankenrath in Marijegrot mei in krúswei fan 14 staasjes, dêr’t alle jierren in prosesje hinne giet.
Ofbylden
- Hesweilerstrjitte.
- Marije-Himelfearttsjerke.
- Fakwurkbou Walhausenerstrjitte.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads