Burgumer Mar (mar)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Burgumer Mar (mar)
Remove ads

De Burgumer Mar is in mar beëasten Burgum. De oerflakte is 360 ha. It leit yn in leechte tusken eastlike en westlike sângrûnen. It Prinses Margrietkanaal ferdielt de mar yn in noardlik en in súdlik diel. It farwetter yn súdlike rjochting slút oan op it kanaal De Lits dat nei De Leien rint. Oer de Lits ferfierde men earder turf. Yn noardlike rjochting foarmet De Swemmer de rûte nei de Lauwersmar.

Thumb
Burgumermar mei dêrefter Burgum
Thumb
Burgumermar

It is in populêr wettersportgebiet mei ferskillende jachthavens. Yn it noardlike diel, tichtby De Westerein is oan de westkant in oanlissteiger fan de Marrekrite. By de wâl, spesjaal de eastkant, moat men rekken hâlde mei ûndjipten.

Nei de Burgumer Mar is it sylboattype BurgumerMarklasse neamd.


Remove ads

Keppeling om utens

Mear ynformaasje Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân ...
Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads