Catrijp

From Wikipedia, the free encyclopedia

Catrijp
Remove ads

Catrijp is in doarp yn de gemeente Bergen, yn de provinsje Noard-Hollân. It doarp hat 310 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Thumb
Catrijp

Catrijp leit tusken Bregtdorp en Groet yn. It foarmet mei Bregtdorp al lang in soarte ienheid mei Skoarl. It is ûntstien trochdat Skoarl groeide en net genôch romte hie. Sa wreide it bewenne gebiet hieltiten mear út rjochting Groet. Mar de echte ferweving mei Bregtdorp (en dêrtroch ek mei Skoarl) barde ein 20e iuw en begjin 21e iuw. Catrijp hat mear syn eigen buorren hâlden, Bregtdorp net.

De plaknamme komt al yn 1745 foar as Catryp. Dy namme ferwiist nei in stripe lân bylâns it wetter, nei alle gedachten dúnwetter. It earste diel fan de namme, 'cat' of 'kat', soe mooglik ferwize nei in soarte fiskersboat.

Mear ynformaasje Gemeente Bergen ...
Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads