Chris Pine
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Chris Pine (Los Angeles, 26 augustus 1980) is in Amerikaansk akteur. Ek syn beide âlders en suster Katie wurken as akteur. Syn heit Robert Pine spile de haadrol yn 'e tillefyzjesearje CHiPs. Anne Gwynne wie syn beppe, in aktrise dy't yn 2003 ferstoar.
Remove ads
Libben
Pine studearre ôf oan 'e Universiteit fan Berkeley, dêr't er Ingelsk studearre. Ek studearre er oan 'e Universiteit fan Leeds.
Yn 2003 spile er yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje ER. Dat wie syn earste rol. Der folgen gastrollen yn oare tillefyzjesearjes. In jier letter spile er in rol yn 'e film The Princess Diaries 2: Royal Engagement. Yn 2006 wie er de tsjinspiler fan Lindsay Lohan yn 'e film Just My Luck. Oare films dêr 't er yn spile binne û.o. Blind Dating, in romantyske komedy út 2006, de thriller Smokin' Aces en Bottle Shock út 2008. Yn 2008 krige er de rol fan James T. Kirk yn 'e nije en langferwachte 11e Star Trek-film, dy't yn maaie 2009 yn premjêre gie. Yn septimber 2009 kaam de film Carriers út, wêryn't er Chris Brian spile, in man dy't mei freonen oan in deadlike epidemy besiket te ûntkommen. Yn 2010 spile er yn 'e film Unstoppable. Pine hie ek de rol fan Captain Kirk yn Star Trek: Into Darkness (2013) en Star Trek: Beyond (2016). Yn 2017 spile er as Steve Trevor yn Wonder Woman.
Remove ads
Filmografy
Remove ads
Keppeling om utens
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chris Pine fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads