De Hommerts

From Wikipedia, the free encyclopedia

De Hommerts
Remove ads

De Hommerts (ek wol: Hommerts) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits. It doarp hat likernôch 611 ynwenners (2006). Oant 2011 lei De Hommerts yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp is in lintdoarp de N354 bylâns en foarmet in twillingdoarp mei Jutryp dat krekt noardliker oan de dyk fan Snits nei De Lemmer leit. Dizze strjitwei is yn 1843 oanlein. Dêrfoar wienen beide doarpen oanwiisd op ferfier oer it wetter. Se wurde ek wol yn ien siken neamd: De Hommerts-Jutryp. Oan de súdside fan De Hommerts leit yn de Jeltesleat it Jeltesleatakwadukt.

De Hommerts
Thumb Thumb
Flagge Wapen
Thumb
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2006) 611
Webstee http://www.jutrijp-hommerts.nl
Thumb
Akwadukt Jeltesleat súdkant

By de Hommerts heart ek it buorskip Lippenwâlde dat by de súdein fan it doarp leit. It Johan Frisokanaal rint foarby it doarp.

Remove ads

Mienskip

It yn 1988 ferboude en opknapte doarpshûs "Oan it Far" jout mooglikheden oan it ferieningslibben. De skoalle is neamd nei Van Haersma Buma.

Ferienings

Befolking

Iepenbier ferfier

De buslinen oer De Hommerts wurde fersoarge troch Qbuzz. De folgjende linen ride oer De Hommerts:

Remove ads

Strjitten

De Hoep, De Toer, Hettingawei, Hofdyk, Iewei, Jeltewei, Krimwei, Lippenwâlde, Pampuswei, Reidskar, Scheltingastrjitte, Stinswei.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads