Qbuzz

From Wikipedia, the free encyclopedia

Qbuzz
Remove ads

Qbuzz is in iepenbier ferfierder dy't sûnt 14 desimber 2008 aktyf is yn it steds- en streekferfier. Anno 2025 rydt Qbuzz yn de provinsjes Grinslân en Drinte, de Regio Utert, DMG (Doardt en Gorkum), Súd-Hollân Noard en Fryslân.

Fluch de feiten
Remove ads

Skiednis

Qbuzz waard yn april 2008 oprjochte troch Rob van Holten en Leon Struijk, dy't dat jier earder noch ûntslach namen út de ried fan bestjoer fan Connexxion. De Nederlânske Spoarwegen (NS) namen in belang fan 49% yn Qbuzz. Dit waard troch oare busbedriuwen sjoen as ûnearlike konkurrinsje, omdat de Nederlânske Steat alle oandielen fan NS yn besit hat, wat betsjutte dat it bedriuw yndirekt steatsstipe ûntfange koe. Yn ferskate rjochtsaken die de rjochter útspraken yn it foardiel fan Qbuzz.[1]

By de lansearring yn 2008 kundige Qbuzz oan dat it doel wie om yn acht jier in fjirde fan de Nederlânske busmerk yn hannen te krijen.[2]

Yn july 2012 waard bekend dat NS de oerbleaune 51% fan de oandielen fan Qbuzz oernimme woe. Dit wie ûnderdiel fan de plannen fan NS om it bedriuw yn de takomst te fusearjen mei har Britske dochterûndernimming Abellio. Mei dizze stap woe NS in sterke dochterûndernimming ûntwikkelje dy't har rjochtsje koe op it oernimmen fan bus- en spoarlinen, sawol yn Nederlân as yn de rest fan Europa. It oernameplan waard yn maart 2013 yntsjinne by de ûndernimmingsried fan NS, en op 29 april 2013 waard de oername offisjeel foltôge.[3][4]

Nei de oername sette Rob van Holten de stap nei HTM Passazjiersferfier. Leon Struijk bleau oant 1 febrewaris 2015 direkteur fan Qbuzz, en waard dêrnei opfolge troch Annemarie Zuidberg-Tabak. Sy wie sûnt it begjin fan Qbuzz regionaal direkteur foar de noardlike konsesjes en waard letter ek direkteur fan Abellio Nederlân. Op 1 septimber 2015 waard Jan Kouwenhoven beneamd ta direkteur fan Qbuzz, en Gerrit Spijksma waard CFO. Sy hiene de taak om it beskeadige imago fan Qbuzz te herstellen, dêr’t it bedriuw oan it besûnderen fan fraude by de oanbesteging fan iepenbier ferfier yn Limburch ferantwurdlik foar wie.[5]

Ferkeap

Yn augustus 2015 kaam der it gerucht dat Qbuzz yn 'e hannen fan de Frânske spoarweimaatskippij SNCF telâne komme soe.[6] De NS woe it bedriuw ferkeapje yn ruil foar oandielen yn de hegesnelheidsline Thalys.[6] Dy ferkeap soe in direkte gefolch wêze fan it oanbestegingsdebakel yn Limburch.[6] De ferkeap gie lykwols net troch.

Yn july 2017 waard bekend dat NS, ûnder foarbehâld fan tastimming fan de Autoriteit Konsument en Merk, in nije eigener foar Qbuzz fûn hie. Op 13 july 2017 tekene BusItalia de keapoerienkomst. BusItalia is ûnderdiel fan Ferrovie dello Stato, de FS Groep, dy't aktyf is yn it iepenbier ferfier yn ferskate lannen.[7]

Remove ads

Namme en hûsstyl

Direkteur Rob van Holten hie yn earste ynstânsje de namme Antiloop yn gedachten foar it busbedriuw, mar dit wie net geskikt út in marketingperspektyf.[8]

De namme Qbuzz kin útsprutsen wurde sawol yn it Nederlânsk as "Kubus" as yn it Ingelsk as "Kjoe-buzz". De letter Q ferwiist nei it Ingelske wurd Quality (kwaliteit), wylst Buzz stiet foar bus. De dûbele Z oan 'e ein fan de namme moat it in eigentiids karakter jaan, dat benammen jonge reizgers oansprekke moat.

De hûsstyl is basearre op de kleuren fan de flagge fan de Prins (oranje, wyt, blau, of oranje, wyt en blau). Allinnich yn Fryslân rieden de MAN Lion's City-bussen yn dizze hûsstyl, yn kombinaasje mei in oantal regionale skaaimerken, wêrûnder in oantal pompeblêden. Yn de oare konsesjes hat de kliïnt in regionale hûsstyl foarskreaun.

Remove ads

Rydgebied

Grins/Drinte

Qbuzz eksploitearre sûnt 13 desimber 2009 praktysk alle stêd- en streekferfier yn de provinsjes Grins en Drinte yn opdracht fan it OV-buro Grins Drinte. Foar lytsskalige lijnen, lykas buertbussen, lijntaxi's en de stedsdiensten yn Meppel en Hoogeveen wiene aparte fergunningen jûn oan lokale taksybedriuwen.

Konkurinten Arriva en Connexxion hienen ek in offerte yntsjinne. Arriva makke beswier tsjin de gunning, mar de rjochtsaak waard ferlern.[9] Fanwege de rjochtsaak hie Qbuzz noch mar trije yn stee fan njoggen moanne de tiid om him foar te ûnderrjochtsjen op de konsesje. Mercedes-Benz krige de taak om 361 bussen te bouwe. In grut part koe op tiid levere wurde. It tekoart waard tydlik opfongen troch 24 brûkte Mercedes-Benz bussen.[10] Der waarden 43 bussen nagelevere.

Yn desimber 2012 waard it kontrakt mei twa jier ferlinge oant desimber 2017 en yn desimber 2014 waard it kontrakt nochris ferlinge oant 14 desimber 2019.[11]

Ferfierder Qbuzz mocht noch tsien jier, tusken 8 desimber 2019 en 8 desimber 2029, it busferfier bliuwe fersoargje yn de konsesje Grins Drinte.[12]

Om de herkenberens fan de stêdbussen yn de stêd Grins te ferheegjen, fûren dizze de lijnnummers mei in eftergrûnkleur en soms ek in wite lijn rûn it getal. De eftergrûnkleuren wiene op de streekbussen net oanwêzich.

Net bûten de stêd Grins lizze in seis transferia, te witten:

  • P+R Euroborg P3
  • P+R Haren A28
  • P+R Kardinge
  • P+R Hoogkerk A7
  • P+R Reitdiep
  • P+R Meerstad

Fan dizze terreinen reed oant 4 jannewaris 2014 oer dei om de 5, 10, 12 of 15 minuten in P+R Citybus fan Qbuzz. Dizze tsjinsten waarden riden mei gelede bussen fan it type Mercedes-Benz Citaro. De bussen op lijn 22 tusken Euroborg/P3 en Haren/A28 hienen in eigen P+R bushûsstyl. De P+R Citybus waard ferfongen troch Q-link.

Yn Grins en Drinte reed Qbuzz seis buslinen ûnder de formule Qliner en dizze begjinne en einigje allegear op stasjon Grins (m.u.o. lijn 310 Assen - Veendam). De Qliners ride nei Assen (309), Emmen (300), Drachten (304 en 314) en Stadskanaal (312). Dy wurde oanfolle mei Qliners fan Arriva nei Bolsward (335), Drachten (324), Heerenveen (315, 324) en Emmeloord (315, 324). Earder reden der mear Qliners, mar dy binne ûnder oare ferfongen troch in treinferbining (Veendam-Grins) en Q-link linen. Yn de simmer fan 2014 is in grut diel fan it Qliner-wagenpark fernijd. De fernijing bestiet út 26 bussen mei in lingte fan 15 meter dy't foarsjoen binne fan Wi-Fi.[13]

Konsesje fan 2019 ôf

Qbuzz lei op 4 maart 2019 in bestelling fan 160 elektryske bussen ter wearde fan in lytske 100 miljoen euro. It giet om 60 bussen fan it merk Ebusco, 43 bussen fan it type VDL Citea; 32 stuks SLF 120, elf stuks SLFA 180 en 59 bussen fan it type Heuliez GX 437 Linium ELEC bestimd foar Qlinks 3 t/m 5, skriuwt it FD.[14] Qlinks 6, 12 en 15 folgje letter. Foar dizze bussen waarden yn beide provinsjes yn totaal 22 laadpalen pleatst.[15]

Qbuzz makke yn novimber 2019 bekend dat der 20 streekbussen op wetterstof bijkomme foar de regio Grins[16] en yn septimber 2020 waard bekend dat der ek noch tsien ekstra streekbussen op wetterstof foar de regio Emmen komme. [17] Dizze bussen ferfange âldere bussen op biodiesel.

Súd-Hollân Noard

Qbuzz kampt yn desimber 2024 mei de fertrage levering fan nije bussen foar de konsesje Súd-Hollân Noard.[18] Dêrtroch moasten tydlik ek bussen ynset wurde sûnder yn- en útcheckapparatuer en/of mei minder toegaanskelijkheid foar reizgers mei kinderwagens, swiere bagaazje of rolstoelen. Ter kompensaasje foar it ûngemak koe in pear wiken fergees reizge wurde mei alle bussen. Omdat in grut diel fan de bestelde elektryske bussen net op tiid levere waard, ferloe het ferfier sûnt it hjerst fan 2024 chaotysk. It ferbetterplan foldie net oan de steld eisen en waard troch de provinsje ôfwiisd. Dêrop waard in boete oplein.[19] Yn april 2025 wie de tsjinstútfiering ferbettere troch de ynstream fan nije bussen. De útfall fan ritten wie fermindere, mar noch net hielendal ûnder kontrôle. De oplaadfoarsjennings foar elektryske bussen funksjonearren net optimaal, ûnder mear omdat de fereaske fergunningen noch ûntbrieken. In protte ritten waarden riden mei twaddehânse dieselmaterieel (kocht fan Arriva of fanút Berlyn en Reykjavik helle) en hybride bussen út Oslo. De personielssterkte wie yn april noch net op peil en de sjauffeurs wiene net goed ferdield oer de ferskate (diels nije) festigings.

Utert

U-OV is de merknamme wêrûnder Qbuzz sûnt 8 desimber 2013 it iepenbier ferfier per bus en tram yn regio Utert fersoarget. Dizze konsesje rint oant 9 desimber 2023. Begjin 2021 is de rintiid mei twa jier ferlinge oant desimber 2025.[20] It hat trije jier duorre foardat Qbuzz úteinlik foar de Regio Utrecht (BRU) ride mocht. Connexxion, de ferfierder yn dat gebiet, spande rjochtsaken oan tsjin de gunning oan Qbuzz. Op 4 oktober 2010 gunde it BRU de konsesje foar it earst oan Qbuzz mei as yngongsdatum 11 desimber 2011. Hjir tsjin makke Connexxion beswier en it beslút waard skorst. Op 29 augustus 2011 besleat men om de konsesje op'e nij oan Qbuzz ta te kennen. De yngongsdatum wie yntusken ferskood nei 9 desimber 2012.[21][22]

Connexxion stapte yn oktober 2011 nei de rjochter en woe dat de oanbestegingsproseduere opnij dien wurdt. It College van Beroep foar it bedriuwslibben skorste de gunning oan Qbuzz opnij, om't neffens dizze rjochter Connexxion gjin earlike kâns hân hat fan it BRU. [23][24]

Op 8 oktober 2012 waard bekend dat ek yn de nije oanbesteging de konsesje oan Qbuzz takend waard. Connexxion makke hjir tsjin wer beswier tsjin. Yn jannewaris 2013 makke it BRU bekend dat de beswieren fan Connexxion ûnbegrûne ferklearre waarden. Connexxion stapte dêrop opnij nei de rjochter. Op 2 maaie 2013 hat it Kolleezje fan Berop foar it bedriuwslibben besletten dat de gunning fan de konsesje oan Qbuzz yn stân bliuwt.[25][26][27] [28]

Drechtstêden, Molenlanden, Gorinchem (DMG)

De provinsje Súd-Hollân hat op 10 jannewaris 2018 bekend makke dat Qbuzz it bêste foldien hat oan de eask foar in takomstfêst netwurk fan OV, dat boppedat goed oanslút by de fraach yn de regio. De nije konsesje jildt foar in perioade fan acht jier, mei twa kear in opsje ta ferlinging (yn 2022 is de konsesje mei de maksimale termyn ferlinge) [29] Op 21 febrewaris 2018, nei de wetlike beswierperioade fan seis wiken, waard bekend dat de gunning definityf wie. Wol waard in foarbehâld makke foar it gebiet Fiifhearelannen om't de nij te foarmjen gemeente hjir ta de provinsje Utert hearre sil. [30] Ien fan de feroaringen dy't Qbuzz yn de regio oanbrocht hat is dat se yn dizze regio foar in part ûnder de namme R-net riden geane; ek is Qbuzz úteinset mei in nije snelbusformule ûnder de namme: 'snelBuzz'.

De konsesje DMG rint oant 10 desimber 2033 nei in ferlinging fan 7 jier yn 2022 (de oarspronklike konsesje rûn oant 12 desimber 2026). [31]

Fryslân

De hjoeddeiske iepenbier ferfierkonsesje yn de provinsje Fryslân is op 15 desimber 2024 fan start gien en wurdt útfierd troch Qbuzz foar in perioade fan tsien jier (2024-2034)[32]. Dizze konsesje omfettet it busferfier yn hiel Fryslân, ynklusyf de Waadeilannen, en is in gearfoeging fan de earder aparte konsesjes[33] Mei dizze konsesje komt Qbuzz nei in ôfwêzigens fan 12 jier werom as iepenbier ferfierder yn Fryslân. Het treinvervoer in de provincie wordt tot 2035 verzorgd door Arriva.

Oanrin nei de konsesje

De oanbestedingsproseduere foar de nije konsesje sette yn 2020 útein. De oarspronklike planning wie dat de nije ferfierder yn desimber 2022 begjinne soe, mar de coronapandemy late ta útstel.[34] De provinsje Fryslân stelde yn it Programma fan Easken (PvE) easken op mei de klam op in fleksibel oanbod, duorsumens (folslein útstjitfrij iepenbier ferfier yn 2030) en ynnovative oplossingen foar de berikberens fan lytsere plakken.

Yn oktober 2023 waard de konsesje gund oan Qbuzz. Sawol de sittende ferfierder Arriva as Qbuzz sels tsjinnen beswieren yn tsjin de gunning. It beswier fan Arriva rjochte him op de folge proseduere en de beoardieling fan it ferfierplan.[34][35] De reden fan it beswier fan Qbuzz is net publyklik bekendmakke. Uteinlik wiisde de rjochter it beswier fan Arriva ôf, wêrtroch Qbuzz de konsesje begjinne koe.[35]

Opstartproblemen

Sûnt de start fan de konsesje yn desimber 2024 hat Qbuzz te krijen mei ferskate opstartproblemen [36][37]:

  • Busmaterieel: Der is in tekoart oan beskikbere bussen, wat resultearret yn útfallen fan ritten. Qbuzz ferwachte de busfloat binnen twa moanne nei de start op oarder te hawwen.[36]
  • Nije systemen: Der binne problemen mei de ymplemintaasje fan nije yn- en útsjeksystemen, wat ek de reizgersynformaasje en betellingsmooglikheden beynfloedet.[36]
  • Feiligens: Yn de begjinperioade wiene der meldingen oer it ûntbrekken fan deadshoekspegels op nije bussen. Qbuzz is dwaande mei it ynstallearjen fan kameraspegels as alternatyf.[36]
  • Tsjinstregeling: Sjauffeurs ervoeren yn de begjinfaze knelpunten yn de nije tsjinstregeling.[36] Qbuzz hat oankundige dat per 6 maaie 2025 in herziene tsjinstregeling fan krêft wurdt dy't in protte fan dizze problemen ferhelpe moat.[36]
  • Fasiliteiten: Der wiene problemen mei de stalling fan fytsen by busstasjons, lykas yn Boalsert.[36]

Fakbûnen binne yn petear mei Qbuzz om de opstartproblemen te besprekken en nei oplossingen te sykjen. Der fine regelmjittige oerleggen plak om de fuortgong te bewekjen.[36]

Remove ads

Earder Rydgebiet

Qbuzz hat eartiids oan trije oanbestegings meidien, wêrfan't twa wûn waarden, te witten dy fan Súdeast-Fryslân en de Stêdsregio Rotterdam. Op dizze gebieten hienen gjin oare bedriuwen harren ynskreaun troch de finansjele risiko’s mei de ynfier fan de OV-chipkaart. Ek de koarte rintiid fan de oanbestegings en de djoere brânstofprizen hienen hjir mei te krijen.

Om de oanbestegings út te fieren hat Qbuzz in liening fan 35 miljoen euro ôfsluten en 154 nije bussen besteld.

Súdeast-Fryslân

It rygebiet Súdeast-Fryslân beslacht de gemeentes Eaststellingwerf, Weststellingwerf, It Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

Sûnt 14 desimber 2008 rieden de bussen fan Qbuzz hjir. De tsjinstregeling feroare yn it earste jier fan Qbuzz net bot. Allinnich line 100, fan It Hearrenfean nei Grins oer de A7, waard feroare. Net it hiele gebiet wie fan Qbuzz, wêrtroch de line yn Drachten splitst wie. It part tusken It Hearrenfean en Drachten waard twa kear yn it oere riden troch de Qliner 310 fan Qbuzz. Fan Drachten nei Grins waard riden troch de Qliner 304 fan Arriva. Dizze linnen hearden byinoar en sluten ek op elkoar oan, ek waard foar in grut diel gjin ekstra taslach frege.

Ein 2009 soe der in nije tsjinstregeling komme, wêryn 15 persint mear bussen ride soene. Om't hja hjir op ta te riedzje gie der al in skoalbus fan Easterwâlde nei Ljouwert. Uteinlik moasten der fiif fan dizze skoalbussen komme fan Drachten nei de wichtichste skoallen fan It Hearrenfean, Wolvegea, De Gordyk en Ljouwert. Dêrneist soe der ek in direkte ferbining wêze tusken Aldeberkeap en Drachten.

Ek soe der in snelle ferbining fan It Hearrenfean nei Drachten wêze op alle treinen dy't op it stasjon fan It Hearrenfean oankomme. Hjirmei woe it bedriuw al oanslute op de spoarferbining Grins-Drachten-It Hearrenfean dy't der yn de takomst komme soe.

Om dit alles foar elkoar te krijen wiene fyftich ekstra sjauffeurs oannaam, ek wie in grut part fan it personiel fan Arriva oernaam. Qbuzz mocht oant en mei 2016 yn Súdeast-Fryslân ride.

Stêdsregio Rotterdam

Yn de Stêdsregio Rotterdam hie Qbuzz de oanbesteging foar trije jier binnenhelle. It bedriuw soarge foar mear ritten yn it gebiet. Sûnt 14 desimber 2008 rieden de bussen fan Qbuzz hjirre.

Pleatsen dy't doe ûnder de tsjinsten fan Qbuzz foelen wiene Rotterdam, Barendrecht, Rhoon, Krimpen oan de Isel, Lansingerlân, Pienakker, Maasslús, Riddertsjerke en Vlaardingen.

Al it personiel fan de foarige ferfierder, Connexxion, wie oernaam.

Haaglannen

Qbuzz hie har ek oanmeld foar it gebiet Haaglannen. Ek Connexxion en Veolia Transport diene mei. Op 1 septimber 2008 waard bekend dat Veolia Transport de oanbesteging wûn hie.

Remove ads

Ophef

By de oprjochting fan Qbuzz ûntstie ophef oer inkele saken. Sa soe it bedriuw net genôch sinten ha om rekkening fuort te beteljen en soenen se net oan alle easken dy’t oan in ferfierder steld wurde foldwaan.

Ek wienen de oare iepenbier ferfierders net bliid mei itjinge dat de NS in oandiel fan 49 persint yn it bedriuw hie. Sa soe Qbuzz ûnrjochtmjittich help fan de steat krije yn de foarm fan subsydzje. De rjochter hat yn de tsien rjochtsaken dy’t tsjin Qbuzz oanspant wienen alles fan tafel feit.

Remove ads

Bussen

Qbuzz hat nij leaste bussen fan MAN en Folkswein. De MAN’s binne boud yn Ankara en waarden ôfmakke yn Fianen. As reservefloat hie Qbuzz yn it begjin foar Rotterdam inkele âld-RET-bussen. Yn Súdeast-Fryslân wienen der in pear nije Poalske Volvo’s as reserve. Dit yn ôfwachting op de sân nij bestelde biogasbussen fan MAN.

Foar it standert streekferfier wurdt de MAN Lion’s City A78 ynset. Dizze bus hat fan de foardoar oant de efterdoar in legeflier. As de doarren iepen gean sakket de bus in bytsje nei rjochts, wêrtroch de opstap nei de bus noch mar in sintimeter of tsien is. Rolstoelen kinne troch in út te skowen planke yn de bus komme.

Foar de langere, Qliner, ritten wurde snellere bussen mei mear komfoar brûkt, de MAN Lion’s Regio. Dizze bus hat in hegeflier. Rolstoelen kinne mei in lift yn de bus komme.

Yn de buertbussen kinne acht minsken sitte. Foar dit ferfier wurdt de Folkswein Crafter brûkt.

Mear ynformaasje Searje, Oantal ...
Remove ads

Wagenpark

Op de buslinen yn Súdeast-Fryslân rieden bussen fan MAN en Mercedes-Benz. De MAN-bussen binne boud yn Ankara en ôfboud yn Vianen. De MAN's waarden ûnderhâlden troch Wierda bedriuwswagen yn Drachten. Yn Grins/Drinte wurdt riden mei liisde bussen fan Mercedes-Benz, dy't ûnderhâlden wurde troch Wensink.

Fan de tsjinstregeling 2020 ôf rydt Qbuzz yn de konsesje Grins-Drinte (GD) mei yn totaal 164 elektryske bussen fan trije leveransiers, wylst ek yn de konsesje Regio Utert 55 e-bussen ride, njonken trettjin âldere fiertugen. Yn de konsesje DMG rydt de ferfierder sûnt maaie 2019 al mei in folslein elektryske stedsstsjinst yn Doardt en Gorkum, besteande út respektivelik 37 en twa eksimplaren. Dêrmei ride fan desimber 2019 ôf sa'n 300 ZE-bussen fan Qbuzz troch Nederlân, op in totale busfloat fan likernôch 750.

Qbuzz nûmeret syn fiertugen op basis fan de konsesje dêr't se foar besteld binne. Elk konsesjegebiet hat in eigen tûzental. 0XXX wurdt brûkt foar alle konsesjes, 1XXX waard oant en mei 2012 brûkt foar Rotterdam en sûnt 2024 foar Fryslân, 2XXX waard oant en mei 2016 brûkt foar Súdeast-Fryslân en sûnt 2024 foar tydlik materieel, 3XXX waard oant ein 2019 brûkt foar Grins/Drinte, 4XXX foar de Regio Utert, 5XXX foar de fan Connexxion oernommen trams yn de Regio Utert, 6XXX foar DMG, 7XXX foar Grins/Drinte fan 2019 ôf en 8XXX foar Súd-Hollân Noard.

Mear ynformaasje Searje, Oantal ...

It iepenbier ferfier yn Grins en Drinte (earder bekend as lytsskalich iepenbier ferfier) is troch OV-buro Grins Drinte apart oanbestege en oan oare bedriuwen gund.

Trammateriaal

Njonken de bussen dy't Qbuzz fan Connexxion en GVU oernaam foar de konsesje Regio Utert, ried Qbuzz ek mei de 26 Switserske trams. De trams wiene eigendom fan it Bestjoer Regio Utert, dy't ek it ûnderhâld oan dizze trams útfierde. Qbuzz levere allinnich trambestjoerders. De trams binne tusken 2010 en 2013 yn- en útwindich renovearre. Tusken 2019 en 2021 waarden dizze trams ferfongen troch Spaanske leechflierstrams. Dit kaam mei troch de âldens fan de Switserske trams en om't dizze trams in hege flier hiene en der foar de útwreiding fan it tramnetwurk leechflierstrams winske wiene troch it BRU.

Mear ynformaasje Searje, Totaal oantal ...

Treinapparatuer

Thumb
De âlde MerwedeLingelijn treinen
Thumb
In Stadler GTW yn 'e âlde en nije kleuren

Op 9 desimber 2018 naam Qbuzz de MerwedeLingelijn oer fan Arriva. Qbuzz naam de tsien besteande treinstellen oer dy't ride ûnder de R-net formule. Yn 2019 en 2020 binne de treinen ûnder oare foarsjoen fan nije stuollen, USB-oanslútingen, nije ynformaasjeskermen en is de bûtenkant foarsjoen fan R-net kleuren. De nammen fan bekende persoanen yn de omkriten fan de MerwedeLingelijn binne by de fernijing fuorthelle. It is net bekend oft dizze nammen weromkomme.

Mear ynformaasje Ex Arriva setnûmer, Namme (by Arriva) ...
Remove ads

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads