FIFA
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De FIFA, folút de Fédération Internationale de Football Association (Ynternasjonale fuotbalfederaasje), in in ynternasjonale organisaasje foar it fuotbal. De FIFA organisearret en beheart grutte ynternasjonale fuotbaltoernoaien, wêrûnder it Wrâldkampioenskip fuotbal (manlju en froulju) en it Wrâldkampioenskip fuotbal foar klups.
Remove ads
Foarsitters
Vice-foarsitters
De foarsitters fan de 6 konfideraasjes binne ek de vice-foarsitters fan de FIFA. Alinne de UEFA leverert trije vice-foarsitters.
Remove ads
Sekretaris-generaal
Remove ads
Leden
Utsein Monako, Fatikaanstêd, Mikroneezje, Kiribaty, de Marshalleilannen, Naurû, Palau en Tuvalu, dy't wol elk in nasjonale ploech hawwe, binne alle ûnôfhinklike lannen lid fan de FIFA. Dêrneist is in oantal ôfhinklike gebieten ek lid fan de organisaasje. De fjouwer lânrekken fan it Feriene Keninkryk hawwe elk in apart bûn en fungearje as in selsstannich optredend lân (Wales, Noard-Ierlân, Ingelân en Skotlân). Dat is ûnder de oansluting fan dizze fuotbalbûnen as betingst steld. Yn 2016 waarden Kosovo en Gibraltar talitten as respektyflik 210e en 211e lid fan de FIFA.
Konfederaasjes
De FIFA hat seis kontinintale bûnen as lid:
- Aazje, Asian Football Confederation, (AFC)
- Afrika, Confédération Africaine de Football, (CAF)
- Súd-Amearika, Confederación Sudamericana de Fútbol, (CONMEBOL)
- Noard-Amearika, Confederation of North and Central American and Caribbean Association Football, (CONCACAF)
- Oseaanje, Oceania Football Confederation, (OFC)
- Jeropa, Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes, (UEFA)
Korrupsje
Nei jierrenlange geroften fan korrupsje en fraude binnen de organisaasje waarden op 27 maaie 2015 meardere FIFA-bestjoerders oppakt op fertinking fan omkeaping, ôfparsing en it wytwaskjen fan jild. Ek waard der troch de Switserske plysje in ynfal op it haadkantoar fan de organisaasje dien en waarden der dokuminten meinaam. Yn 2015 trede fjouwer dagen nei syn werferkiezing Sepp Blatter as FIFA-foarsitter. As reden joech er dat it foar him net fielde dat er fan de hiele fuotbalwrâld de stipe hie om fierder te gean. Op 21 desimber fan dat jier skorste de tuchtkeamer fan de etyske kommisje fan de FIFA Sepp Blatter en Michel Platini foar acht jier fanwegen oertrêding fan de etyske koade. Blatter krigge boppedat noch in jildboete fan 50.000 Switserske frank en Platini moast 80.000 Switserske frank betelje. Beiden waarden útsletten fan alle fuotbal relatearre aktiviteiten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.
Remove ads
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
