1932 is in skrikkeljier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1932.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.
- 4 jannewaris - De nije ûnderkening fan Britsk-Ynje, Lord Willingdon, lit hûnderten lieders fan 'e Yndyske ûnôfhinklikheidsbeweging oppakke en fêstsetten, wêrûnder Mahatma Gandhi, Jawaharlal Nehru en Vallabhbhai Patel.
- 23 jannewaris - By it Bloedbad fan Sonsonate wurde yn El Salvador by in demonstraasje tsjin harren ellindige libbensomstannichheden 4.000 earme boeren deasketten troch it leger.
- 28 jannewaris - Japanske troepen dogge in ynfal yn 'e Sineeske havenstêd Sjanghai. Ta ferrassing fan alle waarnimmers stjitte se op fûleindich ferset fan it Sineeske leger.
- 4-15 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Lake Placid, yn 'e Feriene Steaten.
- 18 febrewaris - Yn it troch Japan besette Mantsjoerije (in diel fan Sina) wurdt it Keizerryk Mantsjûkwo útroppen, dat in Japanske fazalsteat sûnder wiere selsstannigens wurdt.
- 25 febrewaris - Adolf Hitler, de (Eastenrykske) lieder fan 'e ekstreem-rjochtse Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij, kriget de Dútske nasjonaliteit.
- 27 febrewaris - Japan foltôget de besetting fan Mantsjoerije.
- 3 maart - Mei massale arrestaasjes wurdt yn Finlân, op beskuldiging fan it tarieden fan in steatsgreep, de ynfloedrike faksistyske Lapua-beweging oprôle.
- 10 april - By presidintsferkiezings yn Dútslân wurdt de âld-generaal en sittende presidint Paul von Hindenburg werkeazen mei 53% fan 'e stimmen. Syn útdager Adolf Hitler bliuwt stykjen op 36,8%.
- 13 april - Yn Dútslân wurde de SA en de SS, de knokploegen fan 'e ekstreem-rjochtse politike partij NSDAP, ferbean.
- 5 maaie - Sina en Japan slute in fredesferdrach nei de Japanske besetting fan Mantsjoerije en Sjanghai.
- 7 maaie - De Frânske presidint Paul Doumer wurdt fermoarde by in oanslach troch de geastlik steurde Russyske ymmigrant Paul Gorguloff.
- 10 maaie - It Wilhelmus wurdt it Nederlânske folksliet.
- 16 maaie - Yn Dútslân wurdt it ferbod op 'e SA en de SS, de knokploegen fan 'e ekstreem-rjochtse politike partij NSDAP, opheft yn ruil foar gedoochstipe fan 'e NSDAP foar it nije regear.
- 28 maaie - Yn Nederlân wurdt it lêste gat yn 'e Ofslútdyk tichte. De Sudersee is de Iselmar wurden.
- 6 juny - By in steatsgreep yn Sily wurdt presidint Juan Montero ôfset. De sosjalist Carlos Davila nimt de macht oer.
- 15 juny - Tusken Bolivia en Paraguay brekt de Chaco-oarloch út, oer it besit fan 'e ierdoaljerike Gran Chaco-krite. Esso stipet Bolivia en Keninklike Shell subsidiëarret Paraguay.
- 5 july - Yn Portegal wurdt minister fan Finânsjes Antonio de Oliveira Salazar premier mei diktatoriaal grut foech.
- 13 july - Yn Dútslân ûntstiet in politike krisis as presidint Paul von Hindenburg de ekstreem-rjochtse lieder Adolf Hitler ôfwiist as kandidaat foar it rykskânselierskip.
- 19 july - De earste stien fan 'e Pelikaantsjerke yn Ljouwert wurdt lein.
- 28 july - In massale demonstraasje fan wurkleaze feteranen út 'e Earste Wrâldoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. rint út op in botsing mei plysje en leger, wêrby't fjouwer deaden en in protte ferwûnen falle.
- 31 july - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân wurdt de ekstreem-rjochtsje NSDAP de grutste partij mei 37,3% fan 'e stimmen.
- 1 septimber - Yn Súd-Amearika brekt de Kolombiaansk-Perûviaanske Oarloch út.
- 2 septimber - De swiere Labor Day-orkaan treft de Florida Keys, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Der falle mear as 600 deaden.
- 9 septimber - It parlemint fan Spanje ferlient autonomy oan 'e regio Kataloanje
- 12 septimber - Op 'e earste sitting fan 'e nije Dútske Ryksdei wurdt it foarstelde regear fan rykskânselier Franz von Papen by in moasje fan wantrouwen fuortstimd. Dêrop ûntbynt presidint Paul von Hindenburg daliks it parlemint wer en skriuwt nije ferkiezings út.
- 23 septimber - It Keninkryk fan de Hidjas en de Nêzjd wurdt omfoarme ta Saûdy-Araabje.
- 1 oktober - De Britske faksistyske foaroanman sir Oswald Mosley rjochtet in nije politike partij op, de Briske Uny fan Faksisten (BUF).
- 3 oktober - Irak wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 6 novimber - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferliest de ekstreem-rjochtse NSDAP 4% fan 'e stimmen (yn ferhâlding ta de ferkiezings fan july) en komt út op 33,1% fan 'e stimmen. De kommunistyske KPD giet fan 14,3% nei 16,9%.
- 8 novimber - By de presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten ferslacht de Demokratyske kandidaat Franklin D. Roosevelt de sittende Republikeinske presidint Herbert Hoover.
- sûnder datum - Genetikus J.B.S. Haldane ferbynt de teoryen fan 'e genetika en de evolúsje.
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- 9 - King Camp Gillette, Amerikaansk útfiner (* 1855)
- septimber
- desimber
- datum ûnbekend
- prizen
- romans
- ferhalebondels
- toaniel
- Benjamin Britten komponearret it Double Concerto, foar altfioele, fioele en orkest
Monumint:
Mensch, verdamme den Krieg (1932)
Fritz Wotruba,
Wenen
Bern mei ein en fûgeldrinkbak (1932) Fransje Carbasius, Gemeentemuseum, De Haach
Standing Woman (1932) Gaston Lachaise, Franklin D. Murphy Sculpture Garden, Universiteit fan Kalifornje
Filla Isola, Bandoeng, Ch. P. Wolff Schoemaker
Kantoargebou Heineken Rotterdam (1932) Willem Kromhout
Filla, Haren (1932) C. van der Weele