Fleanfjild Đồng Hới
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Fleanfjild Đồng Hới (Fjetnameesk: Cảng hàng không Đồng Hới) is it fleanfjild fan Đồng Hới, yn Fjetnam. It leit lykwols yn de gemeente Lộc Ninh, 6 km benoarden de stêd. It fleanfjild hat in lâningsbaan fan 2.400 meter.
De earste ûnferhurde baan waard troch de Frânsken oanlein yn 1932. Sûnt hat it in militêre fleanbasis west. Yn 2004 waard úteinset mei de renovaasje en it ree meitsjen foar de boargerloftfeart. Dêrby is it doetiidske tarreoerflak ferfongen troch beton. Op 18 maaie 2008 is it fleanfjild iepene foar kommersjele flechten.
Remove ads
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads