Follybal op de Olympyske Simmerspullen

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Follybal is ien fan de acht Olympyske sporten dy't yn team ferbân beoefene wurde. Sûnt 1964 stiet sealfollybal, foar manlju en froulju, op it program fan de Olympyske Spullen as medaljesport. Yn 1996 waard it strânfollybal oan it Olympyske program taheakke.

Untstean

Op de Olympyske Simmerspullen 1924 yn Parys waard de Amerikaanske sport follybal as demonstraasje sport spile. Nei de Twadde Wrâldkriich woekse it follybal hurd, sa waard it FIVB en oare kontinetale bûnen oprjochte. Yn 1957 waard der in spesjaal follybal toernoai opset om it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee der fan te oertsjûgen dat it follybal in Olympyske sport wurde moast. Dat slagge: op de Olympyske Simmerspullen 1964 waard it follybal yntrodusearre.

Op de earste twa edysjes fan it toernoai, yn 1964 en 1968 spilen alle teams tsjin mekoar, dêrút folge dan in rangskikking. In neidiel fan dat systeem is dat it publyk de ynteresse yn de wedstriid net fol hâlde kin. Yn 1972 waarden de kwartfinales, heale finales en de finale yntrodusearre op de Spullen. Dat systeem is doe standert wurden.

It tal dielnimmers is sûnt de earste edysje, yn 1964, stadichoan groeid. Sûnt 1996 dogge der by it sealfollybal by sawol de manlju as de froulju tolve lannen mei. Strânfollybal wie in demonstraasje sport op de Olympyske Simmerspullen 1992, dêrnei waard it yn 1996 yntrodusearre as offisjele Olympyske sport. By it toernoai fan de strânfollyballers dogge der sawol by de manlju as de froulju 24 duo's mei. Yn totaal meie der mar fjouwer duo's út itselde lân meidwaan. Foar it gastlân en in lân dat in wildcard krigen hat, is der in plakje reservearre.

Remove ads

Underdielen

Mear ynformaasje Underdiel, Totaal ...

Sealfollybal

Medaljewinners

Manlju

(1) Gjin finale spile, toernoai mei 10 teams, dêr't alle teams ienris tsjin elkoar spilen.

Froulju

(1) Gjin finale spile, toernoai mei 6 teams, dêr't alle teams ienris tsjin elkoar spilen.
(2) Gjin finale spile, toernoai mei 8 teams, dêr't alle teams ienris tsjin elkoar spilen.

Remove ads

Strânfollybal

Medaljewinners

Manlju

Mear ynformaasje Jier, Stêd ...

Froulju

Mear ynformaasje Jier, Stêd ...
Remove ads

Medaljespegel

Mear ynformaasje Plak, Lân ...
Remove ads

Sjoch ek



Follybal op de Olympyske Simmerspullen
Tokio 1964 | Meksiko-Stêd 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
· · Berjocht bewurkje
Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads