Gelderlân

From Wikipedia, the free encyclopedia

Gelderlân
Remove ads

Gelderlân (Nederlânsk: Gelderland) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 2.161.388 ynwenners (1 jannewaris 2025, boarne: CBS), en in oerflak fan 5.136 km². De haadstêd is Arnhim. De grutste stêd is Nijmegen. De lytsere stêden fan betsjutting binne Apeldoarn, Sutfen, Hurderwyk, Tiel en Doetinchem.

Fluch de feiten
Thumb
Gelderlân (2019)
Remove ads

Geografy

De provinsje leit tusken yn it suden Limburch en Noard-Brabân, yn it westen Súd-Hollân en Utert, yn it noarden Flevolân en Oerisel, en yn it easten leit de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

Gelderlân kin geakundich yn de neikommende regio's opdield wurde: de Feluwe, de Gelderske Fallei, de Betuwe, de Liemers it Ryk fan Nimwegen en de Achterhoeke. De grutste rivier is de Ryn. Yn Gelderlân ûntspringe fanút de Ryn de Waal en de Isel. De Maas is de grinsrivier mei Noard-Brabân. De heuvel Signaal Imbosch is mei 109,9 meter it heechste punt fan 'e provinsje.

Remove ads

Untwikkeling ynwennertal

  • 1850 – 365.000
  • 1900 – 567.000
  • 1960 – 1.267.000
  • 1980 – 1.694.000
  • 2000 – 1.919.000
  • 2020 – 2.086.000
  • 2025 – 2.161.000

Gemeenten

Gelderlân bestiet sûnt 2019 út 51 gemeenten.

  1. Aalten
  2. Apeldoarn
  3. Arnhim (haadstêd)
  4. Barneveld
  5. Berg en Dal
  6. Berkelland
  7. Beuningen
  8. Bronckhorst
  9. Brummen
  10. Buren
  11. Culemborg
  12. Doesburch
  13. Doetinchem
  14. Druten
  15. Duiven
  16. Ede
  17. Elburch
  1. Epe
  2. Ermelo
  3. Hattem
  4. Heerde
  5. Heumen
  6. Hurderwyk
  7. Lingewaard
  8. Lochem
  9. Maasdriel
  10. Montferland
  11. Neder-Betuwe
  12. Nijkerk
  13. Nijmegen
  14. Nunspeet
  15. Oldebroek
  16. Oost Gelre
  17. Oude IJsselstreek
  1. Overbetuwe
  2. Putten
  3. Renkum
  4. Rheden
  5. Rozendaal
  6. Saltbommel
  7. Skerpenseel
  8. Sutfen
  9. Tiel
  10. Voorst
  11. Wageningen
  12. West Betuwe
  13. West Maas en Waal
  14. Westervoort
  15. Wijchen
  16. Winterswyk
  17. Zevenaar

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads