Gerrit Biersteker

From Wikipedia, the free encyclopedia

Gerrit Biersteker
Remove ads
Fluch de feiten
Thumb
Kranteartikel by ôfskied gemeente fan Sumar
Boarne:Genealogy Biersteker
Remove ads

Libben en wurk

Gerrit Biersteker (Warmenhuizen, 1 july 1896 - De Helder, 7 oktober 1985) hat 34 jier predikant yn de Grifformearde gemeente fan Nijewier-Mitselwier west.

Gerrit Biersteker wie in soan fan Klaas Biersteker en Pietertje Hofdijk út Den Helder. Gerrit hat twa kear troud west. Earst mei Wilhelmina de Graaff en twaddens mei Martha Veenstra (1912-1998).

Biersteker waard op 21 septimber 1924 predikant yn Sumar en gie op 16 novimber 1930 nei Mitselwier. Dêr waard er op 23 novimber 1930 befêstige as dûmny. Yn oktober 1964 gie er mei emeritaat.

Biersteker stoar yn De Helder, mar kaam te hôf yn Wetsens, lykas ek syn beide frouwen en syn soan Abraham.

Remove ads

Anekdoate

Dûmny Biersteker fûn it op in snein tige kâld yn 'e tsjerke. Hy helle syn jekker út de konsistoarje en sei: Hoe langer hoe gekker, dominee Biersteker staat nu al in zijn jekker.[1]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads