Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2022
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2022 yn Oyama op 9 oktober. It wie de achtjinde race fan 22 races fan de Formule 1 yn 2022. Hy waard op it sirkwy fan Suzuka hâlden. De race waard hâlden oer 28 omgongen, op it 5,8 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 162,3 kilometer. De 53 omgongen dy't de wedstriid eins hawwe soe waard net helle troch de oanhâldende rein.
Remove ads
Kwalifikaasje
- Nicholas Latifi waard fiif plakken tebekset by de start fanwegen in botsing mei Guanyu Zhou yn de Grutte priis fan Singapoer.
Remove ads
Utslach Grutte Priis
- Pierre Gasly starte út de pitstrjitte wei, om't der nei de kwalifikaasje noch oan syn auto wurke wie.
- Charles Leclerc krige in straf fan fiif sekonden om't er bûten de baan west hie.
- Pierre Gasly krige in straf fan tweintich sekonden om't er te hurd riden hie wylst de reade flagge al swaait waard.
Betizing oer de puntenferdieling
Der wie betizing oer it tal punten dat útdield wurde soe omdat der mar 28 fan 53 rondes riden wiene troch de minne waarsomstannichheden en dit dus tusken de 50% en 75% fan de race-ôfstân wie. De regel is lykwols dat de beheinde puntetakenning (artikel 6.5) allinnich jildt as de race opholden wurdt en net wer oppakt wurde kin. De race einige op de baan, dus waarden der folle punten takend. Max Verstappen behelle 25 punten wêrtroch't hy, mei in foarsprong fan 113 punten op de nûmer twa yn it klassemint net mear yn te heljen is troch in oare koereur omdat der noch mar 112 punten te ferjaan binne yn de restearjende Grutte Priis-wykeinen. Verstappen behelle hjirtroch foar de twadde kear de titel fan wrâldkampioen by de koereurs.
Remove ads
Top fiif yn it wrâldkampioenskip nei de wedstriid
Grutte Prizen (2020-2029) | |
---|---|
2020: EAS · STI · HON · GBR · 70J · SPA · BEL · ITA · TOS · RUS · EIF · POR · EMY · TUR · BHR · SAK · ABU | |
2021: BHR · EMY · POR · SPA · MON · AZE · FRA · STI · EAS · GBR · HON · BEL · NED · ITA · RUS · TUR · FST · MKS · SAP · KAT · SAU · ABU | |
2022: BHR · SAU · AUS · EMY · MIA · SPA · MON · AZE · KAN · GBR · EAS · FRA · HON · BEL · NED · ITA · SIN · JAP · FST · MKS · SAP · ABU | |
2023: BHR · SAU · AUS · AZE · MIA · MON · SPA · KAN · EAS · GBR · HON · BEL · NED · ITA · SIN · JAP · KAT · FST · MEK · BRA · LAS · ABU | |
2024: BHR · SAU · AUS · JAP · SNA · MIA · EMY · MON · KAN · SPA · EAS · GBR · HON · BEL · NED · ITA · AZE · SIN · FST · MEK · BRA · LAS · KAT · ABU | |
![]() ![]() ![]() |
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads