Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2005

From Wikipedia, the free encyclopedia

Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2005
Remove ads

Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2005 yn Indianapolis op 19 juny 2005. It wie de njoggende fan 19 races fan de Formule 1 yn 2005. Hy waard op de Indianapolis Motor Speedway hâlden. De race waard hâlden oer 73 omgongen, op it 4,1 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 306 kilometer.

Fluch de feiten
Remove ads

Michelin bannen

Yn 'e middeistraining op freed 17 juny 2005 crashte Ralf Schumacher, ridend foar Toyota, yn bocht 13, as gefolch fan in klapbân links efter. Ralf Schumacher rekke dêrtroch ferwûne, koe net fierder en waard foar de rest fan it wykein ferfongen troch Ricardo Zonta, dy't sels ûnder de training yn deselde bocht ek in klapbân links efter oprûn.

Bocht 13 wie in bocht dy't mei hege faasje naam wurde koe, unyk yn dy tiid yn de Formule 1; dêrtroch wie der in hegere bannespanning nedich as gebrûklik. Dit part fan it sirkwy wie sûnt de foarige Grutte Priis op 'e nij asfaltearre mei in mear ruorkjend oerflak. Dêrtroch waarden de bannen mooglik noch swierder belêste as foarhinne. Op 18 juny melde Michelin dat it net begriep wêrom 't de bannen dy 't it levere hie foar syn sân klanteteams (B·A·R, McLaren, Red Bull Racing, Renault, Sauber, Toyota en Williams) yn dizze bocht klapten, en kundige syn foarnimmen oan om bannen yn te fleanen mei in oare spesifikaasje as de al levere bannen. De ynfleine ferfangende bannen, fan it type dat earder dat jier yn de Spaanske Grutte Priis brûkt wie, blieken by it testen itselde probleem te hawwen.

Dit hie ta gefolch dat der mar trije teams fan start giene yn de Grutte Priis. Dizze teams riden allegear mei bannen fan Pirelli. De sân teams dy 't mei de bannen fan Michelin riden, diene om feiligensredenen allinnich mei oan de opwaarmronde en giene dêrnei werom de pitstrjitte yn.

Remove ads

Kwalifikaasje

Mear ynformaasje Nr, Koereur ...
Mear ynformaasje Pole posysje ...
Remove ads

Utslach Grutte Priis

  • Tiago Monteiro stie foar it earst op it poadium yn de Formule 1
  • Narain Karthikeyan, Christijan Albers en Patrick Friesacher behellen harren earste punten yn de Formule 1.
Mear ynformaasje Plak, Nû ...
Mear ynformaasje Fluchste omgong ...

Top fiif yn it wrâldkampioenskip nei de wedstriid

Mear ynformaasje Plak, Koereur ...
Grutte Prizen (2000-2009)
2000: AUS · BRA · SMR · GBR · SPA · JER · MON · KAN · FRA · EAS · DUT · HON · BEL · ITA · FST · JAP · MAL
2001: AUS · MAL · BRA · SMR · SPA · EAS · MON · KAN · JER · FRA · GBR · DUT · HON · BEL · ITA · FST · JAP
2002: AUS · MAL · BRA · SMR · SPA · EAS · MON · KAN · JER · GBR · FRA · DUT · HON · BEL · ITA · FST · JAP
2003: AUS · MAL · BRA · SMR · SPA · EAS · MON · KAN · JER · FRA · GBR · DUT · HON · ITA · FST · JAP
2004: AUS · MAL · BHR · SMR · SPA · MON · JER · KAN · FST · FRA · GBR · DUT · HON · BEL · ITA · SNA · JAP · BRA
2005: AUS · MAL · BHR · SMR · SPA · MON · JER · KAN · FST · FRA · GBR · DUT · HON · TUR · ITA · BEL · BRA · JAP · SNA
2006: BHR · MAL · AUS · SMR · JER · SPA · MON · GBR · KAN · FST · FRA · DUT · HON · TUR · ITA · SNA · JAP · BRA
2007: AUS · MAL · BHR · SPA · MON · KAN · FST · FRA · GBR · JER · HON · TUR · ITA · BEL · JAP · SNA · BRA
2008: AUS · MAL · BHR · SPA · TUR · MON · KAN · FRA · GBR · DUT · HON · JER · BEL · ITA · SIN · JAP · SNA · BRA
2009: AUS · MAL · SNA · BHR · SPA · MON · TUR · GBR · DUT · HON · JER · BEL · ITA · SIN · JAP · BRA · ABU
· · Berjocht bewurkje
Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads