Hagedissen

From Wikipedia, the free encyclopedia

Hagedissen
Remove ads

Hagedissen is de gongbere beneaming foar alle skobhûdige reptilen dy't gjin slangen (Serpentes) binne. Soms wurde de wjirmhagedissen (Amphisbaenia) der ek net ta rekkene, mar meastal wol. Yn totaal binne der mear as 7.100 ûnderskate soarten hagedissen, en dy bisten hawwe as groep in kosmopolityske fersprieding wêrby't se inkeld op Antarktika en yn 'e Arktis en op guon ôfhandige eilannen ûntbrekke. Foarhinne waarden hagedissen mei de wittenskiplike namme Lacertilia beskôge as in ûnderskift fan it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata), mar tsjintwurdich is dúdlik dat dat in parafyletyske en dêrom taksonomysk ûnjildige groep is, mei't guon soarten hagedissen nauwer besibbe binne oan 'e slangen as oan oare hagedissen. De bekendste subgroepen fan hagedissen binne de gekko's, skinken, echte hagedissen, agamen, kameleöns, leguanen, faranen en blynslangen.

Fluch de feiten

Kwa uterlik wurde hagedissen karakterisearre troch in hûd dy't oerdutsen is mei skobben. Se hawwe gjin hier, dat as lichemsskaaimerk beheind is ta sûchdieren. Yn grutte rinne hagedissen útinoar fan beskate soarten kameleöns en gekko's, dy't mar inkele sintimeters lang binne, oant de Komodofaraan, dy't 3 m mjit. De measte hagedissen rinne op fjouwer poaten en meitsje by it rinnen in sterke hinne-en-werjende sydlingse beweging. Beskate kloften, dy't ûnderling net nau oaninoar besibbe binne, hawwe troch konverginte evolúsje krekt as slangen har poaten ferlern en krûpe op 'e hûd fan 'e bealch om. Sokke bisten wurde poatleaze hagedissen neamd.

Hagedissen binne kâldbloedige bisten, dy't ferlet hawwe fan in beskate troch de sinne fersoarge waarmte om aktyf wêze te kinnen. Se binne oer it algemien territoriaal, benammen de mantsjes, en ûnderlinge gefjochten tusken leden fan deselde soarte komme gauris foar. Fierwei de measte soarten hagedissen binne karnivoaren, dy't har proai almeast út in mûklaach wei oer it mad komme. It menu fan 'e lytsere soarten bestiet foar it measte part út ynsekten, mar de Komodofaraan bejaget bisten sa grut as wetterbuffels. Om sels oan rôfdieren te ûntkommen, hawwe ûnderskate soarten hagedissen ferskillende evolúsjonêre oanpassing ûntwikkele, lykas in skutkleur, giftigens, refleksblieden en autotomy: it fermogen om 'e sturt ôf te smiten (by wize fan ôfliedingsmaneuver) en dy letter op 'e nij oangroeie te litten.

Remove ads

Taksonomy

Yn 'e trettjinde iuw waarden hagedissen troch de Frânske mûnts Finsint fan Beauvais yn syn Speculum Naturale ("Spegel fan 'e Natoer") al beskôge as hearrend ta de reptilen. Doedestiden waarden ûnder de reptilen in wiid ferskaat oan ovipare bisten beslein dy't gjin fûgels wiene, wêrûnder net inkeld hagedissen, mar ek slangen, amfibyen, wjirms en ferskate fantastyske en mytyske meunsters, lykas draken. Yn it op 'e rede basearre tiidrek fan 'e Ferljochting waard yn 'e achttjinde iuw it leauwen yn it bestean fan draken en oare mytyske wêzens ôfwiisd, en krige de term "reptilen" in ingere betsjutting.

Thumb
In fossyl fan 'e hagedis Dalinghosaurus longidigitus út it Ier-Kryt fan Sina.

Yn 1802 waard troch de Ierske anatoom James Macartney de Latynske term Sauria yntrodusearre op basis fan it Frânske wurd sauriens, dat twa jier earder troch Alexandre Brongniart optocht wie. Sauria, dat yn it Frysk oerset wurde kin as sauriërs, waard yn 'e njoggentjinde iuw lange tiid brûkt as in oerkoepeljende beneaming foar langwerpige reptilen mei in lange sturt dy't har op fjouwer poaten fuortbewege. Dêrby gie it om 'e hagedissen en de krokodileftigen (Crocodilia), dy't letter hielendal net nau mei-inoar besibbe blieken te wêzen.

Lettere auteurs brûkten de term Sauria dêrom yn in mear beheinde sin, d.w.s. as in synonym foar Lacertilia, in ûnderklasse fan 'e skobhûdigen (Squamata), dy't alle hagedissen omfette mar de slangen net. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw kaam lykwols fêst te stean dat it ûnderskift fan 'e slangen (Serpentes) fylogenetysk sjoen midden yn 'e ûnderklasse fan 'e hagedissen (Lacertilia) nêstele is. Dat betsjut dat de hagedissen sûnder de slangen in parafyletyske (en dêrom taksonomysk ûnjildige) groep foarmje, mei't dy groep sûnder de slangen net alle ôfstammelingen fan 'e lêste mienskiplike foarâlder omfettet. De ûnderklasse Lacertilia is dêrom yn ûnbrûk rekke en de term 'hagedissen' wurdt no inkeld noch sjoen en brûkt as in ynboargere mar ynformele term foar bisten út ferskate groepen skobhûdigen útsein slangen.

Thumb
In artistike ympresje fan 'e mosasaurus Prognathodon. Hoewol't mosasauriërs eins neat oars wiene as reuseftige yn see libjende hagedissen, wurde se ornaris net as hagedissen oantsjut.
Remove ads

Evolúsje

It naust binne de hagedissen besibbe oan 'e slangen (dy't eins neat oars as in groep poatleaze hagedissen binne mar net as sadanich beskôge wurde). In oare kloft dy't fylogenetysk midden tusken de hagedissen yn sit, wurdt foarme troch de útstoarne mosasauriërs (Mosasauridae), dat reuseftige yn see libjende hagedissen wiene. Likemin as de slangen wurde de mosasauriërs lykwols ornaris ta de hagedissen rekkene. As dy beide groepen bûten beskôging litten wurde, binne de nauste libbene sibben fan 'e hagedissen de brêgehagediseftigen (Rhynchocephalia). Dat is in skift dat ienris in grut ferskaat oan soarten omfieme, mar dêr't no inkeld noch de brêgehagedis (Sphenodon punctatus) út Nij-Seelân fan oer is. Dat bist sjocht der itselde út as in hagedis, mar heart ta in oar, folle âlder komôf dat op himsels stiet.

De ierste hagedissen ûntstiene mooglik yn it Ier- oant Mid-Trias (252–220 miljoen jier lyn). Dat wiene bisten út (no fossile) skaaien as Megachirella en Sophineta, wêrfan't tocht wurdt dat se nauwer besibbe wiene oan 'e libbene hagedissen fan hjoed de dei as oan 'e brêgehagediseftigen. Dêr bestiet lykwols noch gjin wittenskiplike konsensus oer en de posysje fan dy skaaien yn 'e fylogenetyske stambeam fan 'e reptilen is omstriden. De ierste ûnomstriden hagedissen datearje út it Mid-Sjuera (190–170 miljoen jier lyn) fan Jeropa, Aazje en Noard-Afrika. It morfologysk en ekologysk ferskaat fan 'e hagedissen naam sterk ta yn it Kryt (145–66 miljoen jier lyn).

Thumb
De hazzeskink (Chalcides chalcides) wurdt ornaris sjoen as in poatleaze hagedis, om't de tige lytse poatsjes by dit bist inkeld noch rudimintêr oanwêzich binne.
Remove ads

Fersprieding

Hagedissen komme op hast de hiele wrâld foar, mar se ûntbrekke op Antarktika, yn 'e Arktis en op beskate ôfhandige eilannegroepen. Wat hichte oanbelanget, komme se foar fan seenivo oant 5.000 m dêrboppe. Mei't se kâldbloedich binne, jouwe se oer it algemien de foarkar oan waarmere tropyske en subtropyske klimaten, mar troch evolúsje hawwe se har oanpast oan alle klimatologyske omstannichheden útsein de meast ekstremen.

Uterlike skaaimerken

De measte hagedissen binne frij lytse bisten, mar de folwoeksen lichemslingte fan dizze bisten rint sterk útinoar. Beskate kameleöns, lykas de Nosy-Harablêdkameleön (Brookesia micra), en guon gekko's, lykas de Jaraguadwerchgekko (Sphaerodactylus ariasae) mjitte mar inkele sintimeters, mar de Komodofaraan (Varanus komodoensis), dy't yn syn fersprieding beheind is ta Komodo en oanbuorjende eilannen yn 'e Lytse Sûnda-eilannen fan Yndoneezje, kin 3 m lang wurde en in gewicht fan 150 kg berikke.

Thumb
In gekko, de Jeropeeske tjitjak (Hemidactylus turcicus), oan it ferfeljen.

Hagedissen hawwe foar it meastepart in silinderfoarmich lichem mei in, yn ferhâlding, skean omheech wizende kop op in koarte hals. Utsein wat de poatleaze hagedissen oangiet, hawwe se fjouwer poaten, dy't sydlings fan 'e romp útstekke. Dêrtroch meitsje hagedissen by it rinnen in sydlings weagjende beweging. De sturt is lang yn ferhâlding ta it lichem. By kameleöns hat de sturt him ûntjûn ta in grypsturt dy't as fyfde lid fungearret. De ûnderskate soarte]n fleanende draakjes (Draco), dy't yn wâlden libje, spriede de ribben út om lytse wjukjes te kreëarjen tusken de foar- en efterpoaten, wêrmei't se fan 'e iene beam nei de oare ta sweve kinne.

Krekt as by oare reptilen is ek by hagedissen de hûd oerdutsen mei in patroan fan inoar foar in diel oerlaapjende skobben, dy't makke binne fan keratine (itselde materiaal dêr't by minsken de neilen út besteane). De skobben biede de kwetsbere hûd beskerming tsjin ynfloeden fan bûtenôf, lykas tichte fegetaasje, rouwe rotsen of it waar. Ek isolearje se it lichem yn beskate mjitte tsjin waarmte en kjeld. Dêrmei ferfolje se foar in part deselde funksje dy't in pels by sûchdieren en in fearrekleed by fûgels. Skobben ferminderje fierders ek it ferlies fan lichemsfocht troch ferdamping, in oanpassing dy't hagedissen by steat steld om sels yn 'e drûchste woastinen te oerlibjen. De skobben kinne oanpast wêze ta richels of stikels foar baltspronk of ferdigening, en guon soarten hawwe osteodermen (bonkige ynslutings yn 'e hûd) ûnder de skobben. By kameleöns kinne de skobben fan kleur feroarje by wize fan kamûflaazje of om 'e gemoedstastân fan it bist wer te jaan. De hûd fan hagedissen is taai en leareftich en groeit net mei it bist mei. Dat betsjut dat hagedissen om 'e safolle tiid ferfelje moatte. Oars as by slangen, dy't har hûd ornaris yn ien stik ferfelje, dogge hagedissen dat stikje by bytsje.

Thumb
De soallen fan 'e teannen fan gekko's stelle dy bistkes by steat om sels op glês fertikaal omheech te rinnen.

De foarm fan it gebit ferskilt by hagedissen sterk nei soarte en toant dêrmei it brede ferskaat oan diëten dat dizze bisten hawwe, fan karnivoar en ynsektivoar fia omnivoar ta herbivoar. De tonge is faak lang, mar kin by alle soarten yn elts gefal oant bûten de bek útstutsen wurde. Roofhagedissen (Helodermatidae), faranen (Varanidae) en tegû's (Teiidae) hawwe in tonge mei in foarke punt, dy't se foar it meastepart of allinnich mar brûke om har om-en-by mei waar te nimmen. Krekt as by slangen glûpt de tonge by har oan ien wei troch út 'e bek om molekulen út 'e lucht op te pikken en wer werom nei binnen ta om dy molekulen oer te bringen nei it fomeronasale orgaan dat ferlykber (mar net itselde is) as de smaaksin en de rooksin by minsken. Gekko's, dy't gjin eachlidden hawwe, brûke de tonge ek om har eagen mei te befochtigjen en skjin te slikjen. Kameleöns hawwe in ekstreem lange tonge, dy't se mei grutte faasje út 'e bek "sjitte" litte kinne; de útein wurdt foarme troch in tige kleverige fertsjûking, dêr't ynsekten oan klibjen bliuwe, wêrnei't de tonge wer weromhelle wurdt nei de bek ta.

Trije kloften hagedissen, te witten: gekko's, kameleöns en anolissen, hawwe oanpaste skobben op 'e soallen fan 'e teannen, dy't harren it fermogen jouwe om gryp te finen op sels de glêdste ûndergrûnen. Fral by gekko's, dy't sels by in glêzen rút opkuierje kinne, is dat fermogen tige sterk ûntwikkele. De oanpaste skobben besteane út miljoenen lytse setae (hiereftige struktueren), dy't sa ticht tsjin 'e ûndergrûn oan komme te sitten dat se wol lykje te kleven, hoewol't dat eins net sa is. Ynstee wurdt der gebrûk makke fan wat yn 'e natuerkunde Van-der-Waalskrêften neamd wurde. Kameleöns hawwe de bykommende oanpassing dat by har de teannen ferdield binne yn twa groepen: der wize twa teannen foarút (de middelste beide, 2 en 3) en twa teannen efterút (de bûtensten, 1 en 4). Dat is in anatomysk ferskynsel dat sygodaktyly hjit, en dat ek foarkomt by beskate groepen fûgels, te witten: de pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de koekoekeftigen (Cuculiformes) de measte spjochteftigen (Piciformes), guon fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes) en de fiskearnen (Pandionidae).

Thumb
It Gilameunster (Heloderma suspectum) út Arizona is ien fan 'e soarten giftige hagedissen.
Remove ads

Giftigens

Oant 2006 mienden herpetologen dat it Gilameunster (Heloderma suspectum) en de Meksikaanske roofhagedis (Heloderma horridum) de iennichste giftige hagedissen wiene. Mar doe die bliken dat ferskate soarten faranen, wêrûnder de Komodofaraan (Varanus komodoensis), in krêftich gif produsearje yn harren mûlklieren. It gif fan 'e bûnte faraan (Varanus varius), bygelyks, feroarsaket mei gauwens bewusteleazens troch in sterk ferlege bloeddruk en yntins blieden troch it tsjingean fan it stjurjen fan bloed. Njoggen klassen toksines dy't troch slangen produsearre wurde, komme ek by hagedissen foar, mar it fermogen ta it produsearjen fan gif liket beheind te wêzen ta de klade fan 'e gifskobhûdigen (Toxicofera), en binnen dy kloft ta de groepen dy't it naust besibbe binne oan 'e slangen, lykas de roofhagedissen en de faranen. De slangen en de gifskobhûdige hagedissen stamje ôf fan in mienskiplike foarâlder dy't omtrint 200 miljoen jier lyn libbe hawwe moat, en it liket derop dat dêr de mienskiplike ûntwikkeling ta giftigens wei komt.

Remove ads

Libbenswize

Habitat

Hagedissen komme foar yn in wiid ferskaat oan habitats, fan woastyn oant tropysk reinwâld. De measten libje op 'e grûn, mar oaren hawwe har troch evolúsje oanpast ta in bestean op rotsen en yn rotsspjalten, yn beammen, ûnder de grûn of yn oerflaktewetters. De seeleguaan (Amblyrhynchus cristatus) fan 'e Galapagoseilannen is unyk yn 'e sin dat it de iennichste hagedis is dy't (foar in diel) yn see libbet.

Thumb
Twa mantsjes fan 'e sânhagedis (Lacerta agilis) oan it fjochtsjen.

Aktiviteitsspanne en termoregulaasje

De grutte mearderheid fan 'e hagedissen binne deidieren, dy't oerdeis aktyf binne en nachts rêste. By de minderheid fan 'e hagedissen dy't nachtdieren binne, giet it foar it meastepart om gekko's. Mei't se kâldbloedich binne, hawwe hagedissen mar in beheind fermogen ta it regulearjen fan har eigen lichemstemperatuer. Dêrom moatte se oer it algemien sinnebaaie om genôch op te waarmjen om folslein aktyf te wurden. Op 'e koarte termyn is de opwaarming fan 'e Ierde dêrom foardielich foar de measte hagedissen, hoewol't de gefolgen op 'e langere termyn dreger te oersjen binne.

Territorialiteit

Hagedissen binne yn begjinsel solitêr libjende bisten, en de measte sosjale ynteraksjes mei soartgenoaten fine plak yn it ramt fan 'e fuortplanting. Territorialiteit komt in protte foar, benammen by soarten mei in jachtstrategy dy't delkomt op stil sitten bliuwen en wachtsjen oant der in proai foarby komt. De mantsjes fêstigje en hanthavenje territoaria mei nedichheden dêr't wyfkes op ôf komme en dy't se ferdigenje tsjin oare mantsjes. Behalven genôch proaidieren besteane sokke nedichheden út plakken dy't gaadlik binne om te sinnebaaien, om in nêst oan te lizzen of om oan rôfdieren te ûntkommen. Sommige soarten libje yn losse groepen, of alteast deun opinoar, wat op himsels al in ferdigeningsstrategy tsjin predaasje is. Agresje komt ornaris allinnich foar tusken geslachtsripe mantsjes dy't om territoaria of wyfkes stride. Behalven eigentlike gefjochten heart dêrta ek: it sa grut mooglik meitsjen ta yntimidaasje fan 'e rivaal, it oannimmen fan in driigjende lichemshâlding, fuortjeien en efterfolgjen.

Thumb
In readkielanolis (Anolis carolinensis) kommunisearret troch syn halsknoarre op te setten.

Kommunikaasje

Kommunikaasje tusken hagedissen ûnderling komt sawol foar tusken (potinsjele) pearingspartners as tusken pearingsrivalen fan itselde geslacht. In grut diel fan 'e kommunikaasje is fisueel en bestiet út it oannimmen fan beskate lichemshâldings, it opdrukken mei de foarpoaten (sterk lykjend op 'e oefening dy't minsken ek dogge by wize fan lichaamlike training), it hawwen fan felle kleuren, it gapjen mei de bek wiid iepen en it slaan mei de sturt.

Manlike anolissen hawwe halsknoarren en manlike leguanen beskikke oer kielflappen fan ûnderskate grutte, kleuren en patroanen. It opsetten fan 'e halsknoarre en teffens it knikken mei de kop is by anolissen in bykommende foarm fan it ôfjaan fan fisuele sinjalen. Beskate soarten hawwe in djip blauwe halsknoarre en kommunisearje mei ultrafiolette sinjalen. Blautongskinken (Tiliqua) brûke it fluch útstekken en wer ynlûken fan har blauwe tonge as in foarm fan drigemintsjen. Ferskate soarten gekko's hawwe felle kleuren, gauris op 'e kiel en/of de bealch, dêr't sokke kleuren net opmurken wurde kinne troch rôfdieren. Foar de kommunikaasje hâlde sokke bisten de kop omheech of kantelje se it lichem om 'e kleuren sjen te litten.

Thumb
De berchduvel (Moloch horridus) út Austraalje hat in lichem dat oerdutsen is mei stikels by wize fan ferdigening tsjin rôfdieren.

Kameleöns steane derom bekend dat se fan kleur feroarje kinne, en dat dogge se ek by wize fan ûnderlinge kommunikaasje, yn 't bysûnder yn it gefal fan agresje tusken twa soartgenoaten fan itselde geslacht. By sa'n moeting mei in rivaal nimme se almeast fellere kleuren oan, en dejinge dy't opjout en him weromlûkt, kommunisearret dy yntinsje troch dûnkerder kleuren oan te nimmen. Ek by de fuortplanting spylje by kameleöns kleuren in wichtige rol. As in mantsje in wyfke yn it each kriget en felle kleuren oannimt, betsjut dat dat er belangstelling hat om te pearjen. As it wyfke dan bygelyks deselde brune kleur oannimt fan 'e tûke dêr't se op sit, komt dat del op in ôfwizing om't se har "ûnsichtber" besiket te meitsjen foar it mantsje.

Auditive kommunikaasje komt by hagedissen folle minder foar as fisuele kommunikaasje. Siizjen, in karakteristyk lûd foar reptilen, wurdt benammen dien troch gruttere soarten by wize fan driigjen, en giet faak mank mei it iepengapje litten fan 'e bek om 'e tosken sjen te litten. Guon groepen, yn 't bysûnder gekko's, slanghagedissen (dêr't û.o. de faranen en roofhagedissen ta hearre) en in diel fan 'e leguaaneftigen kin mear komplekse lûden fuortbringe troch it gebrûk fan fokale organen dy't har by dy groepen ûnôfhinklik faninoar ûntwikkele hawwe. Dêrby giet it om klikken, piipjen, 'blaffen' en grânzgjen, lûden dy't utere wurde yn 'e kontekst fan hofmakkerij, by de ferdigening fan territoaria en yn need.

Autotomy: de ôfwurpen sturt fan in skink giet troch mei bewegen ek al sit er net mear oan it bist fêst.

Taktile kommunikaasje troch oanrekking komt ek foar. Dêrby wriuwe yndividuën mei it lichem byinoar lâns, itsij by wize fan hofmakkerij, itsij as utering fan agresje. Beskate kameleöns kommunisearje ek mei inoar troch it substraat (de ûndergrûn, yn dit gefal de tûke dêr't se allebeide op sitte) trilje te litten.

Ferdigening tsjin rôfdieren

Hagedissen hawwe troch evolúsje ferskate types ferdigening tsjin predaasje ûntwikkele. De ienfâldichsten binne fuortdraven en it klimmen yn beammen, wat guon lytsere soarten hiel fluch oprêde kinne.

Dêrnjonken kin in skutkleur ek in tige effektive ferdigening wêze. In protte hagedissen hawwe in skutkleur, mar de muorregekko (Tarentola mauritanica) hat it fermogen om 'e kleur fan syn lichem aktyf oan te passen. Wannear't in ljocht kleure yndividu op in dûnkere ûndergrûn pleatst wurdt, kleuret er oer de doer fan likernôch in oere hieltyd dûnkerder oant er min ofte mear deselde kleur krigen hat as syn om-en-by. Kameleöns brûke har (folle gruttere) fermogen om har lichemskleur te feroarjen oer it algemien foar kommunikaasje ynstee fan kamûflaazje, mar guon soarten, lykas Smiths dwerchkameleön (Bradypodion taeniabronchum) nimme ek aktyf in skutkleur oan.

Thumb
In kraachhagedis (Chlamydosaurus kingii) set syn kraach op en gappet syn bek wiid iepen om himsels grutter en gefaarliker lykje te litten as er eins is.

In oare strategy fan hagedissen om oan rôfdieren te ûntkommen, is tanatoaze: it bearen dat se dea binne om it rôfdier te mislieden, sadat se op in ûnbewekke stuit ynienen opspringe en útnaaie kinne. Krekt like misliedend is autotomy, dat foarkomt by in protte hagedissen, mar fral by gekko's en skinken. Dêrby wurdt de sturt ôfsmiten. De efterbliuwende sturt, dy't soms fel fan kleur is, giet neitiid noch in skoftke troch mei bewegen en hâldt sa de oandacht fan it rôfdier fêst, wylst de hagedis sels fan rutens spilet. Neitiid groeit de sturt dan oer in perioade fan in stikmannich wiken wer oan.

De kraachhagedis (Chlamydosaurus kingii) hat in 'kraach' om 'e hals hinne, eins in normaal platlizzende hûdflap, dy't útklapt wurde kin om grutter en gefaarliker te lykjen as er eins is. De berchduvel (Moloch horridus) út Austraalje hat in lichem dat oerdutsen is mei stikels by wize fan ferdigening tsjin rôfdieren. Podhagedissen (Phrynosoma) dogge oan refleksblieden. Dat is in oerlibbingsstrategy wêrby't in yn it nau dreaun yndividu út syn eachhoeken wei bloed spuitet nei it rôfdier, út bloedpûden ûnder de eagen. It spuitsjen bart mei sa'n krêft dat der in ôfstân fan 2 m mei oerbrêge wurde kin. Behalven troch it skrikeffekt dat dêrfan útgiet, stjit dat rôfdieren ek ôf trochdat it spuite bloed stjonkt en fiis smakket.

Thumb
In mantsje en in wyfke fan 'e spikkellipskink (Trachylepis maculilabris) oan it pearjen.

Fuortplanting

De geslachtsdielen binne by hagedissen oars as by sûchdieren. De mantsjes hawwe twa penissen, of eins in dûbele hemipenis. Analooch dêrmei hawwe de wyfkes twa klitorissen oftewol in dûbele hemiklitoris. De fuortplanting fynt by hagedissen plak troch kopulaasje, wêrby't it mantsje ien fan syn hemipenissen ynbringt yn 'e kloäka fan it wyfke.

De grutte mearderheid fan 'e soarten is ovipaar, wat sizze wol dat de befruchting yntern plakfynt, wêrnei't der aaien lein wurde en de jongen har yn it aai bûten it lichem fan 'e mem ûntwikkelje oant se selsstannich oerlibje kinne en út it aai komme. Likernôch 20% fan 'e hagedissesoarten, benammen skinken, binne fivipaar, wêrby't de aaien yn it lichem fan 'e mem útkomme en de jongen har dêr fierder ûntjouwe ear't se troch berte te wrâld komme. By in minderheid fan 'e soarten komt fierders partenogeneze foar, wêrby't wyfkes jongen (of eins klonen fan harsels) produsearje kinne út ûnbefruchte aaien, sûnder dat der by dy foarm fan fuortplanting in mantsje oan te pas komt. Soks komt foar by tegû's en is teffens waarnommen by in froulike Komodofaraan (Varanus komodoensis) yn finzenskip, dy't al mear as twa jier gjin kontakt mei in mantsje hân hie.

Thumb
In nêst mei aaien fan 'e súdeastlike fiifstreekskink (Plestiodon inexpectus).

De aaien wurde troch it wyfke op in beskut plakje lein, lykas yn in rotsspjalt of yn in nêst dat bedobbe wurdt mei in laachje ierde, of soms ienfâldichwei op 'e grûn. Ofhinklik fan 'e soarte dêr't it om giet, kin it lechsel 4% oant wol 50% fan it lichemsgewicht fan 'e mem bedrage. It tal aaien yn in lechsel rint útinoar fan inkele grutten oant tsientallen lytsen. By de measte hagedissen hawwe de aaien in beweechlike, taai, leareftige skaal, dy't talit dat der wetter nei binnen komt. Guon soarten dy't yn 'e drûchste woastinen libje, lizze lykwols aaien mei kalsifisearre skalen, dy't wetter fêsthâlde.

De measte soarten dogge net oan briedsoarch, mar guon soarten al. Sa swit it wyfke fan 'e prêrjeskink (Plestiodon septentrionalis) op har aaien om 'e fochtichheidsgraad te behâlden dy't de ûntwikkeling fan 'e embryo's mooglik makket. By de bûnte faraan (Varanus varius) duorret it krapoan 300 dagen ear't de aaien útkomme, mar it wyfke keart tsjin dy tiid ynstinktyf werom om har jongen út 'e termiteheuvel te helpen dêr't se har aaien yn lein hat. Temperatuerôfhinklike seksdeterminaasje, lykas by krokkedileftigen, komt foar by guon mar net alle hagedissen. Dêrby produsearje aaien dy't op in legere temperatuer ynkubearje mear wyfkes, wylst dy't op in hegere temperatuer ynkubearje, mear mantsjes produsearje.

Thumb
In kameleön fangt in ynsekt troch syn ekstreem lange tonge mei in kleverige útein derop ôf te sjitten.

Dieet

De measte hagedissesoarten binne karnivoare rôfdieren, yn 't bysûnder ynsektivoaren. De wichtichste proaidieren binne lytse, terrestryske (op 'e grûn libjende) wringeleazen, benammen ynsekten. By in protte soarten bestiet de jachtstrategy derút om stil op ien-en-itselde plak sitten te bliuwen en te wachtsjen oant in proai sûnder euvelmoed foarby skarrelet. Oare soarten foerazjearje op in aktivere manear.

Kameleöns, dy't yn beammen en strûken libje, frette in protte ûnderskate soarten ynsekten, lykas krobben, sprinkhoannen en termiten, mar ek oare lidpoatigen, lykas spinnen. Gekko's frette benammen imerkes, krobben, termiten en motflinters. By echte hagedissen en podhagedissen steane fral eamels op it menu. Beskate soarten skinken en alligatorhagedissen hawwe har spesjalisearre yn it iten fan slakken.

Thumb
In Komodofaraan (Varanus komodoensis) efterfolget in Javaansk hart (Rusa timorensis).

Gruttere soarten, lykas faranen, frette ek gruttere proaien. Dat kinne fisken, kikkerts, lytse fûgels, lytse sûchdieren (foar it meastepart kjifdieren en hazze-eftigen) en oare reptilen wêze, mar ek de aaien en jongen fan fûgels, sûchdieren en reptilen. Sa fret de Nylfaraan (Varanus niloticus) in protte aaien fan briedende fûgels, mar ek fan 'e Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus). Mei't krokkedillen oan briedsoarch dogge, kin dat in nuodlik ûndernimmen wêze. It Gilameunster (Heloderma suspectum) en de Meksikaanske roofhagedis (Heloderma horridum) klimme yn beammen om fûgelnêsten te plonderjen en aaien en fûgelpiken te ferslinen. Hoewol't dy soarten giftich binne, brûke se om har proai te deadzjen inkeld har krêftige kaken.

Yn Austraalje fret de reuzefaraan (Varanus giganteus), de op ien nei grutste soarte hagedis, alderhanne proaidieren, wêrûnder in ûngewoan grut tal oare faranesoarten, mar ek flearmûzen, lytse bûdeldieren en kangoeroejongen. De Komodofaraan (Varanus komodoensis), de grutste soarte, kin sels in folwoeksen wetterbuffel (Bubalus bubalis) oan. Alle soarten faranen frette ek in protte ies. Komodofaranen hawwe sa'n skerpe rooksin, dat se in kadaver fan in ôfstân fan 2 km rûke kinne. In eksimplaar mei in gewicht fan 50 kg kin by it opromjen fan ies yn 17 minuten 31 kg fleis opskrokke.

Thumb
In seeleguaan (Amblyrhynchus cristatus) op 'e seeboaiem oan it weidzjen.

Mar 2% fan alle hagedissen (likernôch 140 soarten) is herbivoar. Dat binne foar it meastepart leguanen en har neiste sibben. Folwoeksen eksimplaren fan dy soarten frette blommen, blêden, stâlen en fruchten, wylst jongere yndividuën dêrnjonken ek noch in protte ynsekten frette. Dat komt om't de jonge bisten noch net de termfloara ûntwikkele hawwe om genôch fiedingsstoffen út planten te heljen om allinne dêrfan bestean te kinnen. De seeleguaan (Amblyrhynchus cristatus) fan 'e Galapagoseilannen is in gefal apart. Dy soarte dûkt yn see foar de kust fan 'e eilannen oant maksimaal 30 m djip om dêr algen, kelp en oare yn see libjende planten te fretten. Mei't it seewetter eins te kâld is foar kâldbloedige bisten, hâlde seeleguanen dat net lang út en moatte se nei likernôch in healoere weromkeare nei it drûge om op te waarmjen. Guon net-herbivoare soarten, lykas faranen, dy't alhiel net sinnige iters binne, folje har karnivoare dieet by gelegenheid oan mei plantaardige itensboarnen, lykas fruchten.

Remove ads

Yndieling

Kloften hagedissen binne werjûn yn fette letters. Skobhûdigen dy't net beskôge wurde as hagedissen, binne de slangen en de útstoarne mosasauriërs. De wjirmhagedissen wurde faak al, mar soms ek net ta de hagedissen rekkene. Yn 'e ûndersteande list binne se der al ta rekkene.

  • klasse reptilen (Reptilia)
    • ûnderklasse inkelbôgigen of anapsiden (Anapsida)
    • ûnderklasse echte reptilen (Eureptilia)
      • klade ichtyosaurusdieren (Ichthyosauromorpha) †
      • skift archelosauriërs of sauriërs (Archelosauria, syn. Sauria)
        • klade archosaurusdieren (Archosauromorpha)
        • klade lepidosaurusdieren (Lepidosauromorpha)
          • boppeskift skyldpoddieren (Pantestudines)
            • skift skyldpodden (Testudines)
          • boppeskift kuehneosauriërs (Kuehneosauria) †
          • boppeskift lepidosauriërs (Lepidosauria)
            • skift brêgehagediseftigen (Rhynchocephalia)
            • skift skobhûdigen (Squamata)
              • ûnderskift wjirmblynslangeftigen (Dibamia)
                • famylje wjirmblynslangen (Dibamidae)
              • ûnderskift skink- en gekko-eftigen (Scincogekkomorpha)
                • klade hurdtongigen (Scleroglossa)
                  • tuskenskift gekkodieren (Gekkota)
                    • lytskift gekko-eftigen (Gekkomorpha)
                      • famylje eachlidgekko's (Eublepharidae)
                      • boppefamylje gekko's (Gekkonoidea)
                        • famylje blêdfingergekko's (Phyllodactylidae)
                        • famylje echte gekko's of gewoane gekko's (Gekkonidae)
                        • famylje rûnfingergekko's (Sphaerodatylidae)
                    • lytskift heuppoatigen en sibben (Pygopodomorpha)
                      • famylje dûbelfingergekko's (Diplodactylidae)
                      • famylje heuppoatigen (Pygopodidae)
                      • famylje súdlike kjessenleaze gekko's (Carphodatylidae)
                • klade inkelaaitoskigen (Unidentata, foarh. frijtongigen, Autarchoglossa)
                  • klade skinkdieren (Scinciformata)
                    • ûnderskift skinkeftigen (Scincomorpha)
                      • famylje skinken (Scincidae)
                    • ûnderskift gurdlesturthagediseftigen (Cordylomorpha)
                      • famylje gurdlesturthagedissen (Cordylidae)
                      • famylje skyldhagedissen (Gerrhosauridae)
                      • famylje nachthagedissen (Xantusiidae)
                  • klade echte skobhûdigen of echte hagedissen (Episquamata, syn. Lacertoidea)
                    • klade tegelskobhagedissen (Laterata)
                      • ûnderskift tegû-eftigen (Teiformata)
                        • famylje brilhagedissen fan de Nije Wrâld (Gymnophthalmidae)
                        • famylje tegû's (Teiidae)
                      • ûnderskift echte hagedissen en wjirmhagedissen (Lacertibaenia)
                        • tuskenskift echte hagediseftigen (Lacertiformata)
                          • famylje echte hagedissen (Lacertidae)
                        • tuskenskift wjirmhagedissen (Amphisbaenia)
                          • famylje Floardiawjirmhagedissen (Rhineuridae)
                          • famylje gewoane wjirmhagedissen (Amphisbaenidae)
                          • famylje Kubaanske wjirmhagedissen (Cadeidae)
                          • famylje Mediterrane wjirmhagedissen (Blanidae)
                          • famylje puntsturtwjirmhagedissen (Trogonophidae)
                          • famylje twapoatige wjirmhagedissen (Bipedidae)
                    • klade gifskobhûdigen (Toxicofera)
                      • ûnderskift leguaandieren (Iguanomorpha, foarh. Iguania)
                        • tuskenskift heechtoskigen (Acrodonta)
                          • famylje agamen (Agamidae)
                          • famylje kameleöns (Chamaeleonidae)
                        • tuskenskift sydtoskigen (Pleurodonta)
                          • famylje anolissen (Dactyloidae)
                          • famylje bûnte leguanen (Polychrotidae)
                          • famylje dwerchleguanen (Hoplocerciidae)
                          • famylje glêdkopleguanen (Leiocephalidae)
                          • famylje halsbânhagedissen (Crotaphytidae)
                          • famylje helmleguanen (Corytophanidae)
                          • famylje ierdleguanen (Liolaemidae)
                          • famylje kylsturtleguanen (Tropiduridae)
                          • famylje leguanen (Iguanidae)
                          • famylje Madagaskarleguanen (Opluridae)
                          • famylje podhagedissen (Phrynosomatidae)
                          • famylje ûnechte anolissen (Leiosauridae)
                      • klade slangeneftigen (Ophidia)
                      • ûnderskift slanghagedissen (Anguimorpha)
                        • tuskenskift âlde slanghagedissen (Palaeoanguimorpha)
                          • boppefamylje krokkedilsturthagediseftigen (Shinisauroidea)
                            • famylje krokkedilsturthagedissen (Shinisauridae)
                          • boppefamylje mosasauruseftigen (Mosasauroidea) †
                            • famylje mosasauriërs (Mosasauridae) †
                          • boppefamylje faraaneftigen (Varanoidea, foarh. Platynota)
                            • famylje dôve faranen (Lanthanotidae)
                            • famylje faranen (Varanidae)
                        • tuskenskift nije slanghagedissen (Palaeoanguimorpha)
                          • boppefamylje roofhagediseftigen (Helodermatoidea)
                            • famylje roofhagedissen (Helodermatidae)
                          • boppefamylje knobbelhagediseftigen (Xenosauroidea)
                            • famylje knobbelhagedissen (Xenosauridae)
                          • boppefamylje blynslangeftigen (Anguioidea)
                            • famylje Amerikaanske poatleaze hagedissen (Anniellidae)
                            • famylje blynslangen (Anguidae)
                            • famylje galliwaspen (Diploglossidae)
Remove ads

Relaasje mei minsken

Fierwei de measte hagedissen binne folslein ûngefaarlik foar minsken. De aldergrutste soarte, de Komodofaraan (Varanus komodoensis), is de iennichste dy't minsken efterfolget, oanfalt en, yn útsûnderlike gefallen, deadet. Sa wurdt de ferdwining en dea fan 'e Switserske toerist Rudolf von Reding-Biberegg, yn 1974, taskreaun oan in Komodofaraan. En in achtjierrich Yndonezysk jonkje stoar yn 2007 oan bloedferlies nei't er troch in Komodofaraan oanfallen wie.

Thumb
De griene leguaan (Iguana iguana) wurdt wol as húsdier holden.

In stikmannich hagedissesoarten wurde troch minsken wol as húsdier holden, wêrûnder de griene leguaan (Iguana iguana), de savannefaraan (Varanus exanthematicus) en guon soarten burdagamen, tegû's, anolissen en gekko's. De griene leguaan wurdt ek wol troch minsken bejage en iten yn Midden-Amearika, dêr't dat bist bekend stiet as de "beamhin" om't er syn nêst yn beammen makket en, nei't it skynt, nei hin smakket. Yn Afrika wurde toarnsturtagamen wol iten.

It Gilameunster (Heloderma suspectum), ien fan 'e giftige soarten hagedissen, produsearret toksines dy't fan belang binne foar medyske tapasssings. Sa ferminderet Gilameunstergif de oanwêzigens fan glukoaze yn bloedplasma. Dêrom wurdt in syntetyske foarm fan it gif no produsearre yn laboratoaria en (yn minime hoemannichten) tafoege oan eksenatide (Byetta), in medisyn tsjin 'e effekten fan sûkersykte. In oar bestândiel fan Gilameunstergif wurdt bestudearre as in mooglik middel tsjin 'e sykte fan Alzheimer.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads