India Summer

From Wikipedia, the free encyclopedia

India Summer
Remove ads

India Summer, echte namme: Jody Jean Olson (Des Moines, 26 april 1976), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan mingd Dútsk, Iersk, Ingelsk en Yndiaansk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as India Summers.

Thumb
India Summer yn 2013.
Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

India Summer is hikke en tein yn Des Moines, de haadstêd fan 'e steat Iowa, dêr't se opgroeide as in ienlingsbern. Op 'e middelbere skoalle die se oan hurddraven en cross country. Yn har middelbere-skoaljierren en yn har studintetiid hie se bybaantsjes as ferkeapster yn in juwelierswinkel en as strânwacht. Se hat in bachelorstitel yn ûnderwiiskunde.

Yn desimber 2005, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. As artystenamme keas se "India Summer", dat se ûntliende oan it nûmer Indian Summer, fan 'e band The Doors. Yn septimber 2006 begûn se fulltime as pornoaktrise te wurkjen. Underwilens hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) al yn mear as 400 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2011 regissearre se har earste pornofilm, Perfect Fit. Yn jannewaris 2012 makke de Internet Adult Film Database (IAFD) bekend dat Summer "de aktyfste artyste yn 'e [porno]yndustry" wie, mei't se it foargeande jiers yn net minder as 78 ûnderskate film spile hie. Se hat in stikmannich prizen wûn, wêrûnder trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld): yn 2011 ien foar bêste aktrise, en yn 2012 ien foar milf/cougar-artyste fan it jier.

Njonken har aktearwurk posearret Summer ek foar neakenblêden en hat se lytse roltsjes hân yn 'e mainstream-tillefyzjesearjes Sons of Anarchy en Dexter. Summer is mear as tsien jier troud, mar is in swinger. Se omskriuwt harsels as "tige biseksueel", en docht oan yoga, tantryske seks en meditaasje.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads